Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.
Hjoed wienen dat Kate Schlingemann en Edwin de Groot.
Yn augustus is Cornelis van der Wal Dichter fan de moanne. Hy hat it spit dêrôf biten troch de earste strofe te skriuwen. As ‘Rigel fan Rink’ is der keazen foar: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.

De bui De mar nimt de bui net en do joust gjin antwurd. Boppe ús beiden driuwe wolken dy’t gûle wolle. Under ús de feanbrân, dyn eagen doarmje ôf. Ik freegje it reid om ried. It rommelet yn ’e fierte. Faaks moat ik wei fan dy. Lit de mar de mar en skûlet in skjin rekest yn falleien fan omfierrens wei dêr’t tonger rôlet mei in oare stim