Rigel fan Rink yn it Frysk Deiblêd

In prominint plakje foar poëzy yn it Frysk Deiblêd: hjoed stiet Dichterskollektyf RIXT op de foarside mei de ‘Rigel fan Rink’ en it trochjougedicht ‘De bui’.

Dichterskollektyf RIXT mei de ‘Rigel fan Rink’ op de foarside fan it Frysk Deiblêd, 8 augustus 2020.
“Yva Hokwerda en Jan Kooistra oan it dichtsjen op de Skriuwersarke fan Rink van der Velde by de Feanhoop. Tegearre leine sy yn de sinne de lêste hân oan it gedicht De bui dêr’t de ôfrûne wike yn totaal fjirtjin dichters fan dichterskolletyf RIXT in bydrage oan leveren. Yn twatallen skreaunen hja hieltyd in strofe op de Skriuwersarke. Dichter Cornelis van der Wal trape as fyftjinde dichter dêrfoar earne oars al ôf mei de earste strofe. It resultaat wurdt hjoed yn it bywêzen fan de dichters presintearre en foardroegen yn kafee Marktzicht yn Drachten. It gedicht is ek te lêzen op de webside fan it kollektyf: www.rixt.frl.”

It gedicht is te lêzen op RIXT en jûn wurdt it foardroegen yn Kafee Marktzicht, de âlde kroech fan Rink van der Velde yn Drachten.

Hâld der wol rekken mei dat der beheind plak is fanwegen de maatregels en feiligens!

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *