Rigel fan Rink [dei 7]

De wike op ‘e Arke rint hjoed nei de ein en dat betsjut ék de lêste strofe foar it trochjougedicht, dat de namme ‘De bui‘ krigen hat.

Fan 1 oant en mei 7 augustus hat Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde sitten. Alle dagen kaam der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurden is.

Foto: Geart Tigchelaar

Hjoed hawwe dichters Yva Hokwerda en Jan Kooistra by it Arkje as lêste pear it trochjougedicht ôfsletten mei de einstrofe.

‘We hawwe der ek wol even op omkôge, mar dat moat!
Mar it wie gjin swiere befalling, it wie leuk!’

Yva Hokwerda en Jan Kooistra oan it wurk op de Arke. Foto: Geart Tigchelaar.

Harkje hjir nei it lêste deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân foar de ôfsluter! Yva komt om 15:43 foar de tillefoan, Jan lêst it gedicht sa’t it wie foar en Yva hat de eare om de lêste strofe foar te dragen.

Jan Kooistra en Yva Hokwerda wurde belle troch Omrop Fryslân – yn de wurkkeamer fan it Arkje. Foto: Geart Tigchelaar

Ek komt Geart Tigchelaar oan de tillefoan, mei’t er de hiele wike foar de dichters soarge hat mei kofje, tee, wat lekkers en de nedige stipe! Ek hat er de wike fêstlein op byld, sadat wy alle dagen wer in moaie yndruk krigen hoe’t it op it Arkje wie. Geart is te hearren om 15:50 oere.

‘It is just wol hiel aardich om de minsken mei inoar yn ‘e kunde komme te litten en dat is hiel moai útpakt! […] Eins allegearre seine de dichters: dit is foar werhelling fetber, dit kin takom jier wer!’

Geart Tigchelaar dizze wike op de Arke. Foto: Janneke Spoelstra

Omrop Fryslân hat ek oer de wike skreaun en it gedicht taheakke:

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *