Waailân: dichters strune oer it eilân

Fan ‘e moarn stie de kofje klear en wienen de dichters wakker optein om oan de slach.

Moarns oan de kofje yn beried oer de dei. Foto: Geart Tigchelaar
Moarns oan de kofje yn beried oer de dei. Foto: Geart Tigchelaar

Doe’t de kofjekanne goed en wol leech wie, koene de groepen op ‘en paad.

André Looijenga, Simen de Jong en Ina Schroders-Zeeders oan it wurk. Foto: Geart Tigchelaar
Jolanda Gooiker, Ilse Vos en Simon Oosting oan it wurk (en kofje) by it strânpaviljoen. Foto: Geart Tigchelaar
De eilânpaparazzi oan it wurk. Foto: Ydwine Scarse
Jolanda Gooiker, Ilse Vos en Simon Oosting wurkje fierder oan harren gedicht by de Folkshegeskoalle. Foto: Geart Tigchelaar
Nienke Zorgdrager en Tryntsje van der Veer wurkje harren in slach yn ‘e Rûnte. Foto: Geart Tigchelaar
Carla van der Zwaag en Janna van der Meer oan it wurk by de Folkshegeskoalle. Foto: Geart Tigchelaar
Simen de Jong oan it wurk yn it kafee. Foto: Geart Tigchelaar
Yva Hokwerda leit de lêste hân oan har gedicht. Foto: Geart Tigchelaar

De dichters binne no noch drok dwaande mei de lêste puntsjes op de i’s te setten foar it optreden jûn.

Dat einoptreden sil plakhawwe by Teater de Rûnte, by de Folkshegeskoalle.

De Rûnte wurdt klearmakke foar it optreden foar jûn. Foto: Geart Tigchelaar

 

Earste jûn Waailân; dichters op it eilân

Waailân is úteinset mei de RIXT-dichters en dichters fan it eilân. Mei-inoar sille sy yn groepkes ideeën útwikselje, ynspiraasje opdwaan en poëzij kreärje.

foto: Geart Tigchelaar

Op de Folkshegeskoalle binne fan it Dichterskollektyf RIXT oanwêzich:

André Looijenga;  Yva Hokwerda; Syds Wiersma; Carla van der Zwaag; Simen de Jong; Ilse Vos; Janna van der Meer; Simon Oosting; Dirk Geerdink; Tryntsje van der Veer

En fan it eilân binne de dichters oanwêzich:

Ina Schroders-Zeeders; Nienke Zorgdrager; Ruud Knier; Berber Sluiter; Jolanda Gooiker.

 

Syds Wiersma en André Looiinga komme oan by de Folkshegeskoalle. Foto: Geart Tigchelaar

Op de jûn binne de dichters  mei inoar yn de kunde kommen en hawwe hja ek út eigen wurk foardroegen. Simon Oosting en Syds Wiersma hawwe teffens elk in powerkolleezje jûn oer dichtsjen op lokaasje.

Janna van der Meer byt it spit derôf en draacht eigen wurk foar út de holle. Foto: Geart Tigchelaar

Nei de foardrachten hawwe de dichters yn oerlis harren plan lutsen om oan de slach om mei-inoar te wurkjen en jûn op te treden.

Jolanda Gooiker lêst foar út eigen wurk. Foto: Geart Tigchelaar

 

Oankomst Waailân

Hjoed komme de dichters oan by de Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge foar it earste skriuwerswykein fan Dichterskollektyf RIXT!

Foto: Geart Tigchelaar

De lêste slach wurdt noch makke (en de lêste posters ophongen) om it wykein goed ferrinne te litten, mar wy hawwe der sin oan.

foto: Geart Tigchelaar

It waar wurket yn alle gefallen tige mei, ‘Waailân’ docht noch net de namme eare oan dizze simmerske dei, mar oft wy dat slim fine? ….

Foto: Geart Tigchelaar

De kraak van de kluis mei tekst Hein Jaap Hilarides

De kraak van de kluis is in ferhaal oer ferset, ferried en leafde. In groep fersetsstriders ûntfrjemde yn 1943 it befolkingsregister út ‘e klûs fan it gemeentehûs fan it Bilt yn Sint-Anne. Hja woenen foarkomme dat jonge manlju nei Dútslân stjoerd wurde koenen. Dy heldhaftige died moasten se lykwols djoer betelje.

De kraak van de kluis is oars as ‘normaal’ teater. Fanwegen de koroanamaatregels is de produksje oer in oare boech smiten. Skriuwer Hein Jaap Hilarides bewurke syn skript en regisseur Sjoeke-Marije Wallendal ûntwurp in belibbing foar by minsken thús. De thúsbelibbing hat yngrediïnten dy’t alle sintugen oansprekke.

De kraak van de kluis hat plak op sneon 26 septimber fan 19:43 oere ôf. Besikers dy’t in kaartsje keapje, kinne de produksje yn harren eigen hûs belibje. Hja wurde oanmoedige om dat mei in âldere of krekt in jongere generaasje te dwaan (fan 13 jier ôf).

De kraak van de kluis wurdt makke yn it ramt fan 75 jier Frijheid. It is as ien fan de pear produksjes fan dit betinkingsjier oerein bleaun.

Mear ynformaasje is te finen op harren webside.

Muzykrûtes SatelLiet mei RIXT-dichters

It suksesfolle evenemint ‘SatelLiet’ wurdt troch de organisaasje fan it sjongfestival ‘Liet’ yn de hjerst fan 2020 trochset. De beide muzykrûtes ‘SatelLiet’ wurde yn Aldebiltsyl en Koarnjum organisearre.

Yn ‘e rûte nei Liet 2020, dat plakhat op 6 novimber 2020, wurdt SatelLiet organisearre. Op freed 18 septimber en freed 16 oktober binne twa muzykrûtes mei lytsere en gruttere optredens te folgjen.

Yn septimber steane Fryske muzikanten en dichters yn Aldebiltsyl programmearre. Haadakt is Iris Kroes dy’t yn kultureel sintrum Aerden Plaats optreedt. De programmearring fan SatelLietis yn Aldebiltsyl mei winner Liet2019, Sequence en in foarstelling fan dichters fan Dichterskollektyf Rixt, Christa Niklewicz en Geart Tigchelaar.

Yn oktober folget Koarnjum, mei haadakt ZEA, programmearre yn Theater de Wier yn Koarnjum.

It folsleine muzykprogramma, en ek de dielnimmers fan it sjongfestival, wurdt letter bekend makke.

Kaartsjes(en reservearjen) foar 18 septimber en 16 oktober à 10 euro kinne besteld wurde by de Aerden Plaats (Aldebiltsyl) en Theater de Wier (Koarnjum). Reservearjen is needsaaklik yn ferbân mei de RIVM-rjochtlinen yn it ramt fan koroana. Beide jûnen wurdt wurke mei lytsere dielgroepen. Nei it reservearjen krije belangstellenden harren startlokaasje fia de mail tastjoerd.