De dichters fan RIXT lokwinskje Nyk de Vries mei syn beneaming ta de nije Dichter fan Fryslân!


Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
De dichters fan RIXT lokwinskje Nyk de Vries mei syn beneaming ta de nije Dichter fan Fryslân!

Geart Tigchelaar lokwinsket hjirby Aggie van der Meer mei de Gysbert Japicxpriis dy’t hja op saterdei 16 novimber út ‘e hannen fan deputearre Sietske Poepjes ûntfongen hat. Foar ûndersteand gedicht hat Tigchelaar in pear rigels út Van der Meer har priiswinnende roman De achttjin brûkt.

In nij fers fan Pieteke de Boer

Bin ik al wei Tsjin wa praat ik as wekker wurd yn de iere moarn is it de sinne dy’t in antwurd jout op myn fragen de wyn dy’t hieltyd wer besiket yn petear te gean Ek oer ûnnoazele dingen wurde wy it net iens en as wolken dwers lizze en reinige riten stjoere blaasto de drippen sêft sûzjend fan myn antlit Beammen bûge fansiden om my der troch te litten myn stap is swier en tûken knappe ûnder myn skuon ik lûk de mûtse oer de earen en besykje net te harkjen nei de lûden dy’t ik net ken en my dêrom bang meitsje as ik omsjoch is it paad wei wurden en bin ik allinnich hawwe der ea minsken west of sitte se yn myn holle? It wurdt kâld as de bosk har earmen yn mekoar heakket hjir kin de sinne net komme, allinnich de wyn en myn ferhalen reitsje fêst yn tiizjende tûken wa fynt se as se yn de hjerst nei de grûn dwerrelje of giet nimmen op ’en paad om my te sykjen bin ik al wei, sjonge fûgels dêrom net
Sizzen is neat is Jan Kooistra syn earste moannegedicht fan Novimber.

Sizzen is neat ik lies lêsten dat de Dichter des Vaderlands it tsjuster meitsje wol yn ‘e bosken en dat Greta Thunberg autistysk is, dat de Koerden alles mar wer achterlitte wie okkerdeis yn Sachsenhausen hearde dêr ôfgryslike ferhalen ik seach in jongeman dy’t gûlde seach in hiel soad skiere roeken ik hearde de echo’s yn ‘e fierte woe ferhúzje nei in doarp dêr’t de stjerren noch te sjen binne dêr’t simmers sweltsjes fleane en winterdeis de ûlen op de bynten sitte soms soe ik de moed ha wolle fan dat frommiske út Sweden en it tsjuster út de bosken helje wolle dy ferhalen wer fertelle en dy falske razers fan ‘e troanen stjitte mar ik kin better net jûns let de tún ynstappe en omheech sjen nei dy ûneinich skitterjende loft dan bliuwt der neat mear oer dan as in jonkje triennen litte
Geart Tigchelaar: Ljouwert is City of Literature. Hulde oan elkenien dy’t dat foarinoar bokst hat!

De gaos om de Brexit hinne ynspirearre Tryntsje van der Veer ta it folgjende gedicht
útstel op útstel tiid of gjin tiid is de fraach no’t it eilân fierder swimt ûnwissens de oerhân hat bûtengrinzen net skowe it stimmen weistimd tiid of gjin tiid is it antwurd no’t de lytse man ropt wif syn efterban it meartal wankel syn stimme heas tiid of gjin tiid is de fraach no’t de roas fertutearzet it lân in kar freget útstel op útstel de draak ûntstimd beware of the dragon
Op 30-10-19 treedt Peter Vermaat foar RIXT op by IepenUp Live. It is in jûn oer de Koerden. Sjoch by IepenUp op Facebook foar mear ynformaasje.
wachtsje al stiet de wrâld ek yn ’e brân en feecht de stoarm dyn leafste om al kreaket de beam, knikt de blom en is it hôf ta ’t moarch tegnaud al jout de ikker skraach genôch rotsje de setters op ’e bouwen al is it wynfet jittiksoer smakket it bier nei krante en rust al binn’ de greiden skraal fan rôverij en stiet gjin ko mear yn it bûthús do moatst wol sjonge tsjin ’e wyn en ’t fjoer, de rôten dûnsje litte do moatst in stim opsette oant de leechte einlings sprekke wol dyn foet set troch, it koard is slop do hâldst wat skûtels yn ’e loft en sjoch, wat net bestiet, komt op wy wachtsje op it ûnfoltôge út: peter vermaat, op vleugels van de wind (discovery books) ljouwert 2015, s. 76. oersetting: syds wiersma
wachten al staat de wereld ook in brand en slaat de storm je lief omver al kraakt de boom en knakt de bloem en is de bongerd aangetast al brengt de akker niets meer op en rot het pootgoed op het veld al is het vat met wijn verzuurd en smaakt het bier naar krant en roest al zijn de weiden leeggeroofd en staat geen rund meer in zijn stal je moet wel zingen tegen wind en vuur, de ratten laten dansen je moet je stem verheffen tot de leegte eind’lijk spreken gaat je voet gaat voort, het koord is slap je houdt wat schotels in de lucht en zie, wat niet bestaat, komt op we wachten op het onvoltooide uit: peter vermaat, op vleugels van de wind (discovery books) leeuwarden 2015. pag. 76.
het kleinkind ter nagedachtenis van aylan kurdi hij trof me, had je kleinkind kunnen zijn vertrouwd zijn rode shirt zijn blauwe broek zijn mollig peuterlijf als hoort bij ons het water droeg hem, beeld dat niet verdwijnt kobani, stad waar moslims moslims doden waar kaartjes huizen treinen zijn verbrand waar je niet weg kunt vliegen als een vogel waar luipaarden zich opwerpen als goden hij had, wie weet, de mensheid kunnen redden het laatste medicijn door hem ontdekt je kunt op een verstomde schreeuw niet wedden ommuurde steden worden werelddelen en grachten zeeën, pek heet nu beleid in ’t donker dolt de maan met smeekgebeden uit: peter vermaat, gebroken akkers en slauerhoffs weemoed (discovery books) leeuwarden 2018, pag. 170