Cornelis van der Wal skreau in klimaatgedicht.

Lilke mûne De wynmûne yn ‘e fierte liket te bewegen: it triljen fan jo wurge âlde eagen, of komt er tichterby? Faaks is it in grimmitige swarte wolk dy’t it wanskepsel omtriuwe wol. Fûgels fleane harsels dea tsjin wrede wjukken, ienris griene fjilden moatte gouden strielen heine. It leksum wurdt jo opsein troch in lilk klimaatfamke. Ferrinnewearje ús âld lânskip mar mei waansin.
Ik wit net oft ik it der hielendal mei iens bin, mar ik fyn it it pracht fan in (en in typysk Walliaansk) fers!