Edwin de Groot skriuwt: okkerdeis haw ik in operaasje hân yn Swol en seach ik wer ris wat technysk allegearre wol net mooglik is. Dat wy dy technyske mooglikheden lykwols net allinne foar ús heil en segen ynsette is ek evidint en meie wy ús lokkich priizgje dat wy it (noch hieltiid) goed treffe yn Nederlân. Der binne genôch dy’t nearne om frege hawwe en de sjit oer har hinne krije. Dus wat seure oer saken lykas fan 130 nei 100 en hoe swart is in Pyt no eins as it wurk derop sit is wol hiel lúks, as ik sa frij wêze mei. De ferdieling fan lok is wol wat op oan te merken.

Wêr’tst sitst yn ’e kano ik haw in hert, dat kloppet, mar geregeld spint it ek as in poes op ’e skurte fan in minskebern dat is net goed; fan dy poes wol fan it hert net wat men allegearre wol net kin mei it drukken op knoppen dokter sei neiertiid dat alles prima ferrûn wie ik sei dat de pine my tafoel werom op seal haw ik in bêd hiel lúkse yn alderhanne stannen en in TV mei in rolkrante mei dêrop de beurskoersen win some lose some en tuskentroch it nijs eat oer drones en hjitte hei bern op in skoalplein en in druk op in knop