july 2022

Nylân

Henk Nijp is dichter fan de moanne July by RIXT. Nylân is syn earste moannegedicht.   Nylân dêr stie ik, foar ’t earst heech boppe alles ferheven sels fier oer it spoar koe ik sjen de skroeiende sinne ûnder de tegels, it ûnrêstige wetter de huiende oaren de earste treden in fluitsje healwei wat stadiger …

Juny 2022

Zottekoning

Preston Losack is dichter fan de moanne juny 2022. It fers Zottekoning is syn earste moannegedicht.   Zottekoning “Was er ooit een tijd waarin Mijtelijke dingen lieten scheinen, Z’n allen aan het zoeken in Een blauwere vogels treinen? Viggen voelden veelere grijk Gollig geile hegers drie Gorre viezen doggen kijk Keken kieken kakken vlieg!” “Wat …

In Ljouwerts File

Preston Losack is dichter fan de moanne juny 2022. It fers In Ljouwerts File is syn twadde moannegedicht.   In Ljouwerts File Thank God for alle boeren—I guess— Want de melk fan harren koeien Make my shoulders strong enough To keep keeping on carrying the weight Of doing my part in the world’s betterment And …

April 2022

Wite huzen

‘Wite huzen’ is Cornelis van der Wal syn earste moannegedicht fan april 2022.   Wite huzen Wite huzen, yn de bosken rinne skurve dieren. Bonken lizze yn in sirkel om de stedsgrêft hinne. De sinne wit wat de bonken tinke moatte. Fleantugen smite deade bern as bommen op de wite stêd.

Samar

‘Samar’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan april 2022   Samar It kin samar wêze dat jo samar samar, mar ik net, stjerre. It liif hat syn tiid, de sinne giet stikken, de bonken wurde stjonkend swart sop fan lutsen. Mar ik net, mar ik net. Samar, samar. Stikken giet de swarte …

Maart 2022

nachtlandschap / nachtlânskip

nachtlandschap / nachtlânskip is Ina Schroders-Zeeders har earste moannegedicht fan Maart 2022. Oersetting fan Syds Wiersma.   nachtlandschap als de kat het tolereert lig ik waar jij bent gecrepeerd en zie ik hoe jij mij toen zag toen ik nog aan je zijde lag met kussens als mijn silhouet zo lagen wij getwee in bed …

Kaïns razernij / Kaïn is mâl

Ina Schroders-Zeeders is by RIXT de moannedichter fan maart. ‘Kaïns razernij’ is har twadde moannegedicht. De Fryske oersetting is fan Syds Wiersma. Kaïns razernij een broedermoord vindt plaats in zonnig landschap waar later gele bloemen bloeien voor nu telt nog het vluchten van de onschuld de angst voor wreedheid van een bittere despoot nu redeloos …

Febrewaris 2022

it liet fan it freegjen

Bennie Huisman is dichter fan de moanne Febrewaris by RIXT.  Syn earste fers is it liet fan it freegjen. it liet fan it freegjen hoe let bist thús? in fraach fan alle dagen dy’t sa fanselssprekkend frege wurdt mar achter wat fansels sprekt lizze fragen oer wat ‘thús’ no eins foar ús betsjut is it …

okergiel, djipread, helderblau

okergiel, djipread, helderblau is it twadde moannegedicht fan Bennie Huisman fan febrewaris by RIXT.   okergiel, djipread, helderblau bou foar my in kleurich hûs, okergiel, djipread, helderblau dat lichtjes boppe de dize sweeft, dochs oan ’e ierde trou jou my it ljocht, it ljocht fan ’e moarn dat komt as in gast, as in freon …

Jannewaris 2022

Oproer yn in lege strjitte

Arjan Hut is Dichter fan jannewaris 2022 by RIXT.  Syn earste moannegedicht is Oproer yn in lege strjitte.   Oproer yn in lege strjitte De fûlste lampe brânt yn in ferlitten romte. Krystbeammen takelje ôf yn de húskeamers fan jannewaris. Moderne winter, we diele plaatsjes fan snie. Hingjend oer it finsterbank stjoer ik myn drones …

Folgje de dichters

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Folgje de dichters is syn twadde moannegedicht.     Folgje de dichters Wy wennen earder op de Nachtegaal mar ferfarren op in heidensk skip nei in strjitte neamd nei in eilân, djip yn de stêd fan skaden De reis wie wyld, buken skuorden …

Pop-upstore

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Pop-upstore is syn tredde moannegedicht. Pop-upstore It liket as sit se dêr allinne, in jonge frou op de flier fan de pop-upstore mei de rêch nei it finster te tekenjen, djip yn in fjild fan papier hellet se swarte streken oer swarte streken …