Samar

‘Samar’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan april 2022

 

Samar

It kin samar wêze dat jo samar samar, mar ik net,
stjerre. It liif hat syn tiid, de sinne giet stikken,
de bonken wurde stjonkend swart sop fan lutsen.

Mar ik net, mar ik net. Samar, samar.

Stikken giet de swarte sinne.
Tiid reart yn in panne stjonkend sop.

Samar, samar. Mar ik net.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *