April 2022

Wite huzen

‘Wite huzen’ is Cornelis van der Wal syn earste moannegedicht fan april 2022.   Wite huzen Wite huzen, yn de bosken rinne skurve dieren. Bonken lizze yn in sirkel om de stedsgrêft hinne. De sinne wit wat de bonken tinke moatte. Fleantugen smite deade bern as bommen op de wite stêd.

Samar

‘Samar’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan april 2022   Samar It kin samar wêze dat jo samar samar, mar ik net, stjerre. It liif hat syn tiid, de sinne giet stikken, de bonken wurde stjonkend swart sop fan lutsen. Mar ik net, mar ik net. Samar, samar. Stikken giet de swarte …

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre.