Nylân

Henk Nijp is dichter fan de moanne July by RIXT. Nylân is syn earste moannegedicht.

 

Nylân

dêr stie ik, foar ’t earst
heech boppe alles ferheven
sels fier oer it spoar koe ik sjen
de skroeiende sinne
ûnder de tegels, it ûnrêstige wetter
de huiende oaren

de earste treden in fluitsje
healwei wat stadiger heger
boppe-oan it wiete beton en de huver
it skurve blau fan it izer
de rûge planke ûnder de fuotten
twivel yn ’t liif

efter my de roppers:
‘sjit no op juh…!’
skrutene stapkes foarút
yn twastriid wer stil,
de weagjende djipte

sûnder werom
it luchtliddige yn,
meallende earmen
de klap en de brobbels
dan wer de huiende oaren

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *