de stofsûger

Fedde Dijkstra is moannedichter fan septimber 2022 by RIXT, de stofsûger is syn earste moannegedicht.

Fedde Dijkstra is gastdichter by RIXT.

 

Foto: Geart Tigchelaar

de stofsûger

om te begjinnen dichtsje je
oer flinters en oer wolkens,
oer blommen en oer tinzen,
oer muzyk en oer malheur,
oer har (lit him der leaver bûten)
en jitris oer har,
oer lijen en leafde,
oer alles wat net beet te krijen is
oars as yn wurden

no is it tiid om te sjongen
fan de stofsûger
kocht by de Expert,
in kante kabaalmasine
dy’t bromt yn lege registers,
dy’t alles wol opfrette wol
oant en mei syn eigen snoer
en gjin ûnderskied makket
tusken túch en libben guod

doar ik him los te litten
op alle bernesûnden,
op de hiele skepping,
op it taaiste spinreach
dat sels it deiljocht fangt
en op de wolkens dy’t
skaad oer blommen lizze?

ik set him oan – ik set him út,
en streakje mei myn skriuwhân
syn lange wrede hals

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *