CLOSE ENOUGH

Fedde Dijkstra is moannedichter fan septimber 2022 by RIXT, CLOSE ENOUGH is syn tredde moannegedicht. Fedde Dijkstra is gastdichter by RIXT.

Foto: Edwin de Groot
CLOSE ENOUGH

efter it sykheljen fan de bosk
dinderje auto’s oer beton
in do klapperet út in beam wei

twa klokken tikje tsjin inoar
en troch de túndoarren
trippelet de kat stikem

yn ’e hûs op, net te kearen,
de gong troch, nei boppen
dêr’t er boartet mei in baltsje

dat fierder út himsels
pop
     per
         de
            pop
                 pop
                      pop
de treppen del stuiteret

in klyster slacht alarm
buorfrou ropt de bern
en in sirene falt yn

neat is perfekt
mar alles falt teplak
close enough for jazz

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *