Jetze de Vries is moannedichter fan oktober 2022 by RIXT. Lot is syn earste moannegedicht.

Lot
foar sinne-opgong die de man
sêft de doar ticht fan syn hûs
ried oeren, seach yn spegels
de loft berûn as wie it reek
it lûd kaam tichterby
in meunsterynsekt oer de berchrêch
it frije lân kaam net yn byld