koarte film

Jetze de Vries is moannedichter fan oktober 2022 by RIXT,  koarte film is syn twadde moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar

 

koarte film

by it fleanfjild telt in frou twa talen
yn de stêd trêdzje religieuze plysjemannen
swije ‘it ferline is de takomst’
se krúst de wei – spriedt wjukken
har hier sjongt ûnder it skaad

 

 

short film

at the airport a woman counts two languages
religious policemen saunter in the city
pressing silence ‘the past lies in the future’
she crosses the road – wings spread
her hair sings under the shadow

Oersetting fan de auteur.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *