‘ôffalige’ is Sipke de Schiffart syn twadde moannegedicht fan novimber 2022.

ôffallige
oait wie de bûnscoach in fromme,
trouwe tsjerkegonger, oant
syn earste frou stoar
hy kearde him ôf fan it leauwen,
sette gjin stap mear yn tsjerke
frjemd, ast deroer neitinkst
alle ellinde yn de wrâld, de hongersneed
en hongerdea fan miljoenen lytse bern yn Afrika,
de massale slachtpartij yn de bioyndustry yn eigen lân,
Auschwitz en neam mar op
dat alles wie foar him gjin reden
om de tsjerke te ferlitten,
mar doe’t syn eigen frou stoar,
wie er sa fergrime,
dat er neat mear mei God
te krijen ha woe
gelokkich foar it Nederlânske fuotbal
hat er in soad ferstân fan it spultsje