Fedde Dijkstra is moannedichter fan septimber 2022 by RIXT, Que sera is syn twadde moannegedicht.
Fedde Dijkstra is gastdichter by RIXT.

que sera
de trilhierkes
op myn glêzen lichem
ferriede: der komt wat oan
it lit him net ferbidde
as in god mei in plan
of it ûndielbere belang
fan oandielhâlders
wat der ek komt
it sil oer my komme
in slak stoot net oan ’e kant
en in stien wykt net fan syn wei
mar sân waait op ’e wyn