Kaïns razernij / Kaïn is mâl

Ina Schroders-Zeeders is by RIXT de moannedichter fan maart. ‘Kaïns razernij’ is har twadde moannegedicht. De Fryske oersetting is fan Syds Wiersma.

Foto: Geart Tigchelaar

Kaïns razernij

een broedermoord vindt plaats in zonnig landschap
waar later gele bloemen bloeien

voor nu telt nog het vluchten van de onschuld
de angst voor wreedheid van een bittere despoot

nu redeloos de oostenwind hier huishoudt
wacht de natuur alvast tot alles is bedaard
en Abels dood met bloemen wordt gewroken

een doffe groene helm zal snel gaan roesten
om nest te worden van een glanzend duivenpaar

© Ina Schroders-Zeeders

 

Kaïn is mâl

in bruorremoard fynt plak yn sinnich gea
dêr’t letter giele blommen bloeie

foar no telt noch it flechtsjen fan de ûnskuld
de eangst foar wredens fan in bittere despoat

no’t redeleas de eastewyn hjir húshâldt
wachtet de natoer alfêst oant alles delbêde is
en Abel syn dea mei blommen wreekt wurdt

in doffe griene helm sil gau rustkje om nêst
te wurden fan in glânzjend dowespantsje

oersetting: Syds Wiersma

nachtlandschap / nachtlânskip

nachtlandschap / nachtlânskip is Ina Schroders-Zeeders har earste moannegedicht fan Maart 2022. Oersetting fan Syds Wiersma.

Foto: Ina Schroders-Zeeders

 

nachtlandschap

als de kat het tolereert
lig ik waar jij bent gecrepeerd
en zie ik hoe jij mij toen zag
toen ik nog aan je zijde lag

met kussens als mijn silhouet
zo lagen wij getwee in bed
nog zonder kat die nu bepaalt
waar Abraham de mosterd haalt

als zij het goed vindt slaap ik daar
waar jij eens sliep met mij ernaast
waar dood al wachtte in een hoek.
kom nog eens bij me op bezoek

dan jaag ik weg wie naast mij ligt
en heb jij net als toen weer zicht
op al mijn heuvelen en kont
zoals je mij in nachten vond

 

nachtlânskip

as ‘t katsje seit dat it wol mei
lis ik wêr’tsto kapotgien bist
en sjoch hoe’tsto my seachst
doe’t ik noch oan dyn side lei

mei kessens as myn silhûet
sa leine wy tegearre op bêd
noch sûnder kat dy’t my no hjit
wêr’t Bartle om de moster giet

as sy it goed fynt sliep ’k in tel
wêr’tsto dy deljoechst njonken my
dêr’t dea al slûpte tichteby
komst wer ris by my del?

dan reag’ ik fuort wa’t by my lei
en krigest krekt as doe wer ’t each
op al myn hichten, golle weach
sa fûnst by nacht my op dyn wei

oersetting: Syds Wiersma

okergiel, djipread, helderblau

okergiel, djipread, helderblau is it twadde moannegedicht fan Bennie Huisman fan febrewaris by RIXT.

 

okergiel, djipread, helderblau

bou foar my in kleurich hûs, okergiel, djipread, helderblau
dat lichtjes boppe de dize sweeft, dochs oan ’e ierde trou

jou my it ljocht, it ljocht fan ’e moarn
dat komt as in gast, as in freon
jou my de skimer dy’t de keamer yn slûpt
mei de kimen oer it wetter noch gleon

bou foar my in kleurich hûs, djipread, helderblau, okergiel
in hûs dat strielt en stilwei glimket as oer in geheim dat it dielt

jou my in tún mei beammeskaad
dêr’t de maityd kleurich bloeit
toan my it skûlgeande slingerpaad
mei ljocht en skaden fergroeid

bou foar my in kleurich hûs, helderblau, okergiel, djipread
dat dûnset mei swierte, dat boartet mei foarm
skamteleas, iepen en bleat

jou my in thús, in tydlik thús
mei iepen doarren foar elts
finsters mei útsjoch op libben en wrâld
en in doar foar myn ûnrêst sels

bou foar my in kleurich hûs, okergiel, djipread, helderblau
dat lichtjes boppe de grizens sweeft, dochs oan ’e ierde trou

 

It liet is hjir te beharkjen.

it liet fan it freegjen

Bennie Huisman is dichter fan de moanne Febrewaris by RIXT.  Syn earste fers is it liet fan it freegjen.

it liet fan it freegjen

hoe let bist thús? in fraach fan alle dagen
dy’t sa fanselssprekkend frege wurdt
mar achter wat fansels sprekt lizze fragen
oer wat ‘thús’ no eins foar ús betsjut
is it in hûs, in hiem, in doarp, in krite?
in oar, in leafde, in famyljebân?
is it in taal, oertsjûging of in myte?
mei flagge-en feest, it bêste lân? it heitelân?

se sizze ‘thús is dêr’t it hert is…’
en dat it leit ‘oan d‘ein fan elke reis’
mar as it no ris in ferlet is
fan libbens, lang al sykjend ûnderweis?
safolle minsken hawwe in thús ferlitten
binn’ op ’e flecht foar earmoed of geweld
wy ha wol plak, mar litte fyntsjes witte
oan langst en hope moatte grinzen steld

ús eigen rykdom ha wy rûnom stellen
ús eigen rotsoai wurdt nei rûnom stjoerd
en foar ús minske-rjochten moat’ betelle
mar dat begripe sokken faak net goed
we wurde sels ek faak yn twifel lutsen
mar sette fraachtekens by in oar
hoefolle hope ha we sa net brutsen
as immen kloppe op ús tichte doar
as immen kloppe – ek op myn doar

wêr bin ik thús? oait haw ik achterlitten
wat sa fanselsprekkend dy namme hie
sûnt sykje ik, sûnder soms te witten
oft in grins, in doar foar my iepengiet
oft myn siel de rop ferstiet – en iepengiet

It liet is hjir te beharkjen

Pop-upstore

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Pop-upstore is syn tredde moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar

Pop-upstore

It liket as sit se dêr allinne, in
jonge frou op de flier fan de pop-upstore
mei de rêch nei it finster
te tekenjen, djip yn in fjild fan papier
hellet se
swarte streken oer swarte streken
Houtskoalbosk. Skimerwâld. Wolf dûkt op
Deiljocht keatst fan it glês – hoefolle prosint
keart daliks nei de sinne werom?

Is it har ôfkearde rêch, har hâlding, tear en
kwetsber as finyl, of de isolaasje
dy’t my grypt? Bûgje oer papier. Wannear’t ik
tichter op it glês stean, balansearjend op
de râne fan in wurd, sjocht my, achter de toanbank
wei, in oar stel eagen oan – se mjitte my op
Dan rin ik troch.
Om ús hinne kreaket de stêd,
en iensum ha ik nea west

De stêd kreaket en skoot troch in beferzen dream
Ald is de skimer en fol fan gedichten
Ik sykje in wolf en fyn in gewear

Folgje de dichters

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Folgje de dichters is syn twadde moannegedicht.

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

Folgje de dichters

Wy wennen earder op de Nachtegaal
mar ferfarren op in heidensk skip nei in strjitte
neamd nei in eilân, djip yn de stêd
fan skaden

De reis wie wyld, buken skuorden iepen
en as we songen spatte guon it bloed fan de
tosken

Alle fûgels fleagen nei de stêd en bouden nêsten
fan tûfen hier, letters en papier.
In liet kraste fan bek nei bek

Besmetlik, of seinen we fan in melody: oansteklik?
It kraste en pipe en krite
as trams read
oer de hege bochten fan it noarden

Wy sleepten nachten troch de nacht
achterstefoarren tsjotterjend en sjongend om sa werom
nei de oarsprong te kommen

Splitsten ússels fan ússels en setten de nije farianten
op in smeller spoar

Yn de nacht tusken de moanne en
de ierde tearde de nije teleskoop syn spegels iepen,
skarnieren en chips te skommeljen yn de romte,
in tommeljende gouden sinneblom

Wy folgen dichters troch de taal
stiif mei de rêch nei de oerknal

 

Oproer yn in lege strjitte

Arjan Hut is Dichter fan jannewaris 2022 by RIXT.  Syn earste moannegedicht is Oproer yn in lege strjitte.

Foto: Geart Tigchelaar

 

Oproer yn in lege strjitte

De fûlste lampe brânt yn in ferlitten romte.
Krystbeammen takelje ôf yn de húskeamers fan
jannewaris. Moderne winter, we diele plaatsjes fan snie.
Hingjend oer it finsterbank stjoer ik myn drones it jier
foarút om previntyf de dreechste dagen op te blazen.