Pop-upstore

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Pop-upstore is syn tredde moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar

Pop-upstore

It liket as sit se dêr allinne, in
jonge frou op de flier fan de pop-upstore
mei de rêch nei it finster
te tekenjen, djip yn in fjild fan papier
hellet se
swarte streken oer swarte streken
Houtskoalbosk. Skimerwâld. Wolf dûkt op
Deiljocht keatst fan it glês – hoefolle prosint
keart daliks nei de sinne werom?

Is it har ôfkearde rêch, har hâlding, tear en
kwetsber as finyl, of de isolaasje
dy’t my grypt? Bûgje oer papier. Wannear’t ik
tichter op it glês stean, balansearjend op
de râne fan in wurd, sjocht my, achter de toanbank
wei, in oar stel eagen oan – se mjitte my op
Dan rin ik troch.
Om ús hinne kreaket de stêd,
en iensum ha ik nea west

De stêd kreaket en skoot troch in beferzen dream
Ald is de skimer en fol fan gedichten
Ik sykje in wolf en fyn in gewear

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *