Bennie Huisman is dichter fan de moanne Febrewaris by RIXT. Syn earste fers is it liet fan it freegjen.
it liet fan it freegjen
hoe let bist thús? in fraach fan alle dagen
dy’t sa fanselssprekkend frege wurdt
mar achter wat fansels sprekt lizze fragen
oer wat ‘thús’ no eins foar ús betsjut
is it in hûs, in hiem, in doarp, in krite?
in oar, in leafde, in famyljebân?
is it in taal, oertsjûging of in myte?
mei flagge-en feest, it bêste lân? it heitelân?
se sizze ‘thús is dêr’t it hert is…’
en dat it leit ‘oan d‘ein fan elke reis’
mar as it no ris in ferlet is
fan libbens, lang al sykjend ûnderweis?
safolle minsken hawwe in thús ferlitten
binn’ op ’e flecht foar earmoed of geweld
wy ha wol plak, mar litte fyntsjes witte
oan langst en hope moatte grinzen steld
ús eigen rykdom ha wy rûnom stellen
ús eigen rotsoai wurdt nei rûnom stjoerd
en foar ús minske-rjochten moat’ betelle
mar dat begripe sokken faak net goed
we wurde sels ek faak yn twifel lutsen
mar sette fraachtekens by in oar
hoefolle hope ha we sa net brutsen
as immen kloppe op ús tichte doar
as immen kloppe – ek op myn doar
wêr bin ik thús? oait haw ik achterlitten
wat sa fanselsprekkend dy namme hie
sûnt sykje ik, sûnder soms te witten
oft in grins, in doar foar my iepengiet
oft myn siel de rop ferstiet – en iepengiet
It liet is hjir te beharkjen