Janneke Spoelstra is de moannedichter fan Septimber 2021 by RIXT. ‘Wat in dei!’ is har earste moannegedicht.
‘Fire in the sky’, foto fan Edwin de Groot.
Wat in dei!
de middeis wie ik yn ’e Koperen Tún
by de oanbieding fan De wrâld yn bitterswiet, it boek mei 82 oersettingen
fan it fers ‘Bitterswiet’ fan Tiny Mulder,
dy’t tachtich wurden wie, myn namme
stie ek efteryn, ik hie it adres fan it NGTV
trochjûn of sa en stie dus as kontaktpersoan
yn it bestân, hoe dan ek, ik wie derby en
hearde efter my wat oer fleantugen en
dat Tiny har soan ek yn Amearika wenne,
it wie in fleurige middei mei muzyk en poëzij
dêrnei gie ik mei in pear stúdzjegenoaten Frysk
fan ’e NHL nei in broadsjesaak om in broadsje
kroket, der wie in telefyzje yn in hoeke, dêr’t
fleantugen op wiene en flats, wy moasten
avensearje want we soene les hawwe fan
Jan Popkema op ’e FA foar de feroaring om’t
wy dêr jûns mei-inoar nei in lêzing soene, we
hiene de les yn ’e âlde kofjekeamer, en ik
wie dêr thús, want ik wurke dêr al fjouwer
moanne, fuort nei de les stutsen wy de
tún oer nei It Aljemint, dat krekt in jier
Kongressintrum wie, yn ’e grutte seal boppe
soe Annet van der Hoek, lid fan ’e Twadde
Keamer sprekke, se kaam wat letter, fanwegen
de omstannichheden en sei wat oer de
grutte wrâld en dat wy yn It Aljemint dochs
mar gewoan ús dingen dwaan moasten
it waard in nijsgjirrige jûn, oer lytse talen
goed tsien oere ried ik foldien nei hûs
it thúsfront siet mei fjouwerkante
eagen foar de telefyzje, der wiene
alwer fleantugen en flats foar
Herfst 2021 / Hjerst 2021 is Ina Schroders-Zeeders har twadde moannegedicht fan Augustus 2021 foar RIXT. De Fryske oersetting is fan Syds Wiersma.
Foto: Geart Tigchelaar
Herfst 2021
Een regen valt, de zomer eindigt snel
Wie angstig is voelt dat de duisternis
Die maanden aan zal houden, nadert.
Het klamme nieuws dat de tijd omkadert
Valt van de schermpjes zo ons leven in.
Wij gaan naar bed met kleppen voor de ogen.
Het mededogen waar wij overdag zo prat op gaan
Vergaat in zwarte dromeloze slaap.
Verbaal dan uitgeteld, onwetend van de taliban,
Corona en klimaat, totdat de regen
Iets van werkelijkheid verraadt.
De zomer eindigt snel en heeft ons niet gebaat
Hjerst 2021
In rein falt, de simmer jout gau belies
Wa’t eangstich is fielt dat de tsjusterens
Dy’t moannen oanhâlde sil, ús kant útgiet.
It klamme nijs dat in ramt set om de tiid
Falt fan de skermkes sa ús libben yn.
Wy geane op bêd mei kleppen foar de eagen.
De moederaasje dêr’t wy oerdeis sa grut op bin’
Fergiet yn swarte dreamleaze sliep.
Ferbaal dan útteld, ûnwittend fan ’e taliban,
Koroana en klimaat, oant de rein
Wat fan werklikheid ferriedt.
De simmer jout gau belies en wat hat it ús jûn.
voor we de herfst in vallen / foar’t wy de hjerst yn falle is Ina Schroders-Zeeders har earste moannegedicht fan Augustus 2021 foar RIXT. De Fryske oersetting is fan Geart Tigchelaar.
Foto: Edwin de Groot
voor we de herfst in vallen
we struikelen en ploeteren voort
langs vochtige muren met Bijbelse graffiti
het slijm van de straat plakt onder onze schoenen
we gaan met handen die elkaar niet mogen raken
een duisternis tegemoet
de derde golf achtervolgt ons,
nadert, haalt ons in, wij vallen verder
in het korten van de dagen aan zee
we vallen en vallen dieper het jaar in
de bodem van december is nog niet in zicht
als de boot je zo ophaalt
en je vertrekt in het donker
kom je dan weer in het voorjaar?
we vallen al die kant op maar je merkt het nog niet
nog ruik je barbecue en zonnebrand, het zout van de zee
foar’t wy de hjerst yn falle
we stroffelje en bodzje fierder
by fochtige muorren mei Bibelske graffity del
it slym fan ’e strjitte klibbet ûnder ús skuon
we gean mei hannen dy’t inoar net reitsje meie
in tsjuster temjitte
de tredde weach efterfolget ús,
neieroan, hellet ús yn, wy falle fierder
yn it koartsjen fan ’e dagen oan see
wy falle en falle djipper it jier yn
de boaiem fan desimber is noch net yn sicht
as de boat dy sa ophellet
en do setst ôf yn it tsjuster
komst dan wer yn it foarjier?
wy falle al dy kant út mar merkbytst it noch net
noch rûkst barbekjû en sinnebrân, it sâlt fan de see
‘simmer yn fryslân’ is Andrë Looijenga syn earste moannegedicht foar RIXT fan de moanne july. It fers is skreaun skreaun nei oanlieding fan it net trochgean fan it skûtsjesilen.
Foto: Geart Tigchelaar
simmer yn fryslân
lit ús de skûtsjes dan mar dreame
as ûnder hurdstiennen loft de mar
rein garret yn de wyn
lit feesttinten mar loftspegeling wêze
as de sinne toarstich lôget oer
de stoppelburdsjes gers
lit by skimer ús in iepenloftspul
herinnerje fan twa jier lyn as
lysters fan ’e dakken sjonge
lit ús de film mar ôfspylje fan doe
alle simmers sa’n selde fryske simmer