okergiel, djipread, helderblau

okergiel, djipread, helderblau is it twadde moannegedicht fan Bennie Huisman fan febrewaris by RIXT.

 

okergiel, djipread, helderblau

bou foar my in kleurich hûs, okergiel, djipread, helderblau
dat lichtjes boppe de dize sweeft, dochs oan ’e ierde trou

jou my it ljocht, it ljocht fan ’e moarn
dat komt as in gast, as in freon
jou my de skimer dy’t de keamer yn slûpt
mei de kimen oer it wetter noch gleon

bou foar my in kleurich hûs, djipread, helderblau, okergiel
in hûs dat strielt en stilwei glimket as oer in geheim dat it dielt

jou my in tún mei beammeskaad
dêr’t de maityd kleurich bloeit
toan my it skûlgeande slingerpaad
mei ljocht en skaden fergroeid

bou foar my in kleurich hûs, helderblau, okergiel, djipread
dat dûnset mei swierte, dat boartet mei foarm
skamteleas, iepen en bleat

jou my in thús, in tydlik thús
mei iepen doarren foar elts
finsters mei útsjoch op libben en wrâld
en in doar foar myn ûnrêst sels

bou foar my in kleurich hûs, okergiel, djipread, helderblau
dat lichtjes boppe de grizens sweeft, dochs oan ’e ierde trou

 

It liet is hjir te beharkjen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *