Nylân

Henk Nijp is dichter fan de moanne July by RIXT. Nylân is syn earste moannegedicht.

 

Nylân

dêr stie ik, foar ’t earst
heech boppe alles ferheven
sels fier oer it spoar koe ik sjen
de skroeiende sinne
ûnder de tegels, it ûnrêstige wetter
de huiende oaren

de earste treden in fluitsje
healwei wat stadiger heger
boppe-oan it wiete beton en de huver
it skurve blau fan it izer
de rûge planke ûnder de fuotten
twivel yn ’t liif

efter my de roppers:
‘sjit no op juh…!’
skrutene stapkes foarút
yn twastriid wer stil,
de weagjende djipte

sûnder werom
it luchtliddige yn,
meallende earmen
de klap en de brobbels
dan wer de huiende oaren

In Ljouwerts File

Preston Losack is dichter fan de moanne juny 2022. It fers In Ljouwerts File is syn twadde moannegedicht.

 

In Ljouwerts File

Thank God for alle boeren—I guess—
Want de melk fan harren koeien
Make my shoulders strong enough
To keep keeping on carrying the weight
Of doing my part in the world’s betterment
And the pressure to cut the idle engine
Terwijl ik wacht in Ljouwerts file
Want er staan wat trekkers
Belching stikstof in de weg.

Zottekoning

Preston Losack is dichter fan de moanne juny 2022. It fers Zottekoning is syn earste moannegedicht.

 

Zottekoning

“Was er ooit een tijd waarin
Mijtelijke dingen lieten scheinen,
Z’n allen aan het zoeken in
Een blauwere vogels treinen?
Viggen voelden veelere grijk
Gollig geile hegers drie
Gorre viezen doggen kijk
Keken kieken kakken vlieg!”

“Wat woorden hauwen vier geworden
Uit uitjes uurenlang gevonden
Hier ontwerpen hier ontvangen
Beneden van de dichtersrangen
Rijkstaal allemaal laten schijten
Schrijf nou “lullig tandartskrijten!”
Hoefd niet zinnig, hoefd nog slim:
Wij maken wartaal interim!”

“Woord per woord bouw waarde op.
Humbug helde heft op kop,
Frezel met maar woensdagsblik,
En uurlijks crampel met je luchtoorpik!
Luister gumpig! Huil op zaat!
Lees een willer over ongevat
En lachen toen ik herverwaag!
Sta nu op mijn letterjag!
En klop op deuren waal en tijd
Voor enge tyfus botermijd!”

“Maakt nie uit, juh, als je mij verstaat—
Wees niet verward, wees noch kwaad,
Hoor je hoe het klinkt, m’n zoon?”
Zo spreekt de koning op z’n zottetroon!

Samar

‘Samar’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan april 2022

 

Samar

It kin samar wêze dat jo samar samar, mar ik net,
stjerre. It liif hat syn tiid, de sinne giet stikken,
de bonken wurde stjonkend swart sop fan lutsen.

Mar ik net, mar ik net. Samar, samar.

Stikken giet de swarte sinne.
Tiid reart yn in panne stjonkend sop.

Samar, samar. Mar ik net.

Wite huzen

‘Wite huzen’ is Cornelis van der Wal syn earste moannegedicht fan april 2022.

 

Wite huzen

Wite huzen, yn de bosken
rinne skurve dieren. Bonken lizze

yn in sirkel om de stedsgrêft hinne.
De sinne wit wat de bonken tinke moatte.

Fleantugen smite deade bern as
bommen op de wite stêd.