Peter Vermaat

Peter Vermaat is opgroeid yn in doarp yn West-Fryslân. Yn 1976 set er him nei wenjen yn Slappeterp, dêr’t er him thús fielt. Hy is Nederlânsktalich, mar hâldt fan de Fryske taal. Hy is fassineare troch orale literatuer. Op ferskate wizen hâldt er him syn libben lang al dwaande mei teater, poëzy en ferhalen. Hy draacht gedichten en fertellings foar en hy ferklearret se yn allerhande settings. Yn 2012 publisearre er syn earste dichtbondel, Meeuwen krijsen langs het water, folge troch Op vleugels van de wind (2015) en Gebroken akkers en Slauerhoffs weemoed (2018). As ferteller spilet er de foarstellings Franciscus, het verhaal over een middeleeuwer (oer Fransiskus fan Assisi), Titus, held of heilige? (oer Titus Brandsma) en Zeus en de muzen (oer de Grykske mytology). Yn tarieding is in toanielstik mei poppen en maskers oer Slauerhoff: Slauerhoff, tussen onrust en weemoed. Dêrneist is er haadredakteur fan Franciscaans Leven, in tydskrift oangeande spiritualiteit, en fan De wereld van het poppenspel.

Ynstjoerde gedichten:
de sjamaan

 

de sjamaan

ooit waren het sjamanen, zieners van
een duister licht, hun woord een klank een trom
een echo van de oerkreet van de uil
toen angst nog werd bezworen met gezang

hun dans herschiep de leegte, zelfs de dood
hun voeten wervelden langs wind en water
van vuur en aarde bakten zij hun brood
en droomgezichten kropen uit de rook

maar nu zijn er begrippen, onderscheiden
helder en klaar, de levenssappen zijn
er uit verdreven, schema’s zonder adem
geen weet van maan of wind noch van getijden

de ratio zoekt de wegen van het hoe
maar de sjamaan vervoegt waarom? waartoe?

© Peter Vermaat

 

de sjamaan

ea wiene it sjamanen, sjenners fan
in tsjuster ljocht, har wurd in lûd in tromme
in wjerklank fan de oergjalp fan de ûle
doe’t eangst besward waard noch mei sang

har dûns werskoep de leechte, sels de dea
har fuotten twirren om wyn en wetter
fan fjoer en ierde bakten sy har brea
en dreamgesichten kroepen út ‘e reek

mar no binne der begripen, ûnderskate
helder en klear, de libbenssoppen binne
der út ferdreaun, skema’s sûnder azem
gjin weet fan moanne, wyn of tiden

de ratio siket ’t paad fan hoe en wat
mar de sjamaan, dy bûcht him nei wêrom? hoe dat?

Oersetting: Syds Wiersma