Janneke Spoelstra nije kollumniste Frysk Deiblêd

Fan freed 18 septimber ôf is Janneke Spoelstra ien fan de fêste kollumnisten foar de seksje kultuer fan it Frysk Deiblêd. Mei Janneke binne ek twa oare kollumnisten úteinset by de krante, Anke Bijlsma en Mark Hospers.

Hoefolle kranten oft it Deiblêd no ekstra ferkeapet fanwegen Janneke, witte wy net, mar har kollumns roppe grif in soad moaie reaksjes op.

Janneke Spoelstra har earste kollumn, op freed 18 septimber. Foto: Janneke Spoelstra

 

 

Ina Schroders-Zeeders oansletten by RIXT

Nei it skriuwerswykein Waailân mei Dichterskollektyf in nije dichter ferwolkomje: Ina Schroders-Zeeders.

Ina is berne op West-Skylge en sûnt 2018 hat hja de eare as earste Eilândichter fan Skylge. Se dichtet yn it Nederlânsk en it Ingelsk en se hat sân titels op har namme stean. Yn har deistige libben skriuwt se romans. Wurk fan har is te finen op har eigen webside.

Lês hjir mear oer Ina Schroders-Zeeders op har RIXT-profylside én har gedicht ‘Driig’, dat skreaun is mei Waailân!

Kursus poëzy skriuwen úteinsetten

De kursus poëzy skriuwen dy’t Dichterskollektyf RIXT yn ’e mande mei Tresoar opsetten hat is juster úteinset yn Neushoorn, mei as earste lesjouwer Kate Schlingemann. Der binne mear kursisten as ferwachte, mei’t de nije lokaasje dêr de feilige romte foar joech!

De kursisten oan it wurk. Foto: Geart Tigchelaar

Alle lesjouwers hawwe twa jûnen ta har foldwaan om harren ûnderwerpen te behanneljen. Dat is drekst de bedoeling fan ’e kursus, om ferskate ynfalshoeken, ûnderwerpen en perspektiven oan bod komme te litten. It bliuwt sa net by ien poëtika fan ’e lesjouwer en sa bringt elk syn eigen wize fan lesjaan en ekspertize yn de kursus. Sa gie Schlingemann yn de earste jûnen yn op dat wat foarôfgiet oan it skriuwen: de motivaasje, de trigger, de start fan it kreative proses.

 

Kate Schlingemann byt it spit derôf. Foto: Geart Tigchelaar

Edwin de Groot sil nei Schlingemann yngean op it aspekt fan ’e ferbylding troch it brûken fan byldspraak (metafoar en ferliking). Dien L. de Boer buorket dêrop fierder troch de metafoar, it byld, de ferliking fierder út te wurkjen op it nivo fan it wurd. Geart Tigchelaar giet as ien nei lêste lesjouwer yn op ferskate foarmen fan poëzy, en dan benammen op fisuele poëzy as lyts útstapke om it begryp poëzy op te rekken. Tryntsje van der Veer wurket yn ien jûn mei de kursisten oan de performance, de foardracht, de diksje foar in einoptreden dêr’t de kursisten de gelegenheid krije om harren wurk te presintearjen.

Sigrid Kingma oansletten by Dichterskollektyf RIXT

Dichterskollektyf RIXT mei in nije dielnimmende dichter ferwolkomje: Sigrid Kingma

Sigrid Kingma debutearre yn 2016 mei de twatalige dichtbondel Reade triedleas/Red wireless. De lêste jierren is se as dichter belutsen by edukative projekten yn it primêr en fuortset ûnderwiis en skriuwt se in soad op fersyk.

Kinst hjir sjen op har RIXT-profylside om mear oer Sigrid te witten komme én har gedicht ‘Blommen’ te lêzen.

Utmolken toer: Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar op toernee troch Fryslân mei RIXT-dichters

Op 3 oktober 2020 wurde de beide nije dichtbondels fan Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, respektyflik Wite Mûle, Swarte Molke en Ommers, presintearre yn de notaristún yn Jorwert. Dat dogge hja mei kollega-dichters Gerrit de Vries en Sipke de Schiffart. Muzyk is der fan de band Xigatze.

Dy presintaasje is it startskot foar harren toernee troch provinsje Fryslân. Alle folgjende wykeinen yn oktober steane hja op in oar plak, mei oare kollega-dichters en Xigatze wurdt ôfwiksele mei Kuiper syn band Tigers fan Greonterp. Op 9 oktober steane hja yn Warkum yn Op de Hoek van de Stal, 17 oktober yn kafee Marktzicht yn Drachten en as ôfsluter fan de toer op 24 oktober yn De Bres te Ljouwert. Der moat fanwegen koroana fan te foarren reservearre wurde.

De Utmolken Toer stiet garant foar in bûnte milkshake oan poëzy en muzyk. Kuiper en Tigchelaar hawwe fan harren sels al in unike smaak yn de Fryske literatuer, mar de optredens wurde mjukse mei gastdichters Cornelis van der Wal, Gerrit de Vries, Syds Wiersma en Sipke de Schiffart. De bands Xigatze en Tigers fan Greonterp skomje de poëtyske iismolke ekstra op.

foto: Ydwine Scarse

Elmar Kuiper (1969) skriuwt poëzy, koarte ferhalen en toaniel. Yn 2004 is er debutearre mei Hertbyt. Wite Molke, Swarte Mûle is syn njoggende bondel. Syn poëzy waard nominearre foar ferskillende literêre prizen en oerset yn ferskate talen. Op 3 oktober kriget er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Ni Hao’ en hy is ien fan ’e winners fan de troch Frysk literêr tydskrift Ensafh útskreaune wedstriid foar de Lange koartproazajûn mei it tige koarte ferhaal ‘Syn rassuvere knyn’.

Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek yn 2017 de D.A. Tammingapriis wûn en foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans yn 2016 de Obe Postmapriis. Yn Ommers steane proazagedichten, it is Tigchelaar syn twadde bondel.
Foarpublikaasjes dêrfan binne en wurde publisearre op it Instagram-akkount @om.mers.

Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands en RIXT-dichter Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.

Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 80 talen erkend fan mear as 200 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

Yn Nederlân is der ek in soad taalferskaat en op 26 septimber wurdt dêr omtinken oan jûn mei poëzy en muzyk. Sa sil Tsead Bruinja fertelle oer syn blomlêzing fan poëzy yn de Nederlânske streektalen en klinke it Grinzers, it Biltsk en it Frjentsjerters mei Fieke Gosselaar, Jan de Vries en Liesbeth Terpstra.

It barren hat plak op sneon 26 septimber om 11:00 oere by gemeente Waadhoeke, dy’t as meartalige gemeente de Europeeske Taledei ek fiere mei in eigen program.

Fanwegen de feilichheid is der plak foar in beheind tal publyk en ferplichte oanmelding. It barren wurdt lykwols ek digitaal live útstjoerd fia Waadhoeke. Je kinne it evenemint op dy dei besjen op de website fan de gemeenteried fan Waadhoeke.

Foto: Tessa Posthuma de Boer

Dit evenemint foar Europeeske Taledei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en  Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, yn gearwurking mei gemeente Waadhoeke en City of Literature Ljouwert.

Fanwegen de sûnens is der ferplichte oanmelding by it sekretariaat fan it EBLT.

Einoptreden Waailân: dichters op it eilân

De groep dielnimmende dichters oan Waailân: dichters op it eilân. Foto: Geart Tigchelaar

Justerjûn hawwe de dichters harren wurk fan Waailân foardroegen foar it publyk mei it einoptreden yn it wynstille iepenlofteater de Rûnte ûnder in hieltiten tsjuster en moaier wurdende stjerrehimel.

As earste wiene oan bar Ilse Vos, Jolanda Gooiker en Simon Oosting, mei harren poëtyske fertelling fan de dei, mei ‘Deiferslach’.

Ilse Vos, Simon Oosting en Jolanda Gooiker ‘Deiferslach’. Foto: Geart Tigchelaar
Simon Oosting. Foto: Geart Tigchelaar

Oard wiene Simen de Jong, Ina Schroders-Zeeders, André Looijenga mei ‘It Hôf’. Harren gedichten wiene ynspirearre troch it tsjerkhôf dêr’t hja west hiene én it Skylger wurd ‘driig’.

Simen de Jong, Ina Schroders-Zeeders, André Looijenga mei ‘It Hôf’. Foto: Geart Tigchelaar
Simen de Jong, Ina Schroders-Zeeders. Foto: Geart Tigchelaar

As tredde kamen Janna van der Meer en Carla van der Zwaag mei harren ‘duet of duel?’, in dûbelspul tusken see en eilân.

Carla van der Zwaag en Janna van der Meer mei ‘duet of duel?’ Foto: Geart Tigchelaar

Tryntsje van der Veer, Dirk Geerdink en Nienke Zorgdrager slueten dêr op oan mei harren meartalige optreden ‘Eindland/Einlân’.

Nienke Zorgdrager, Dirk Geerdink en Tryntsje van der Veer mei ‘Eindland/ Einlân’. Foto: Geart Tigchelaar
Tryntsje van der Veer. Foto: Geart Tigchelaar

Ofslutende groep wie Ruud Knier, Syds Wiersma en Yva Hokwerda mei harren optreden ‘Skylge’.

Ruud Knier, Yva Hokwerda (Syds Wiersma) mei ‘Skylge’. Foto: Geart Tigchelaar
Yva Hokwerda. Foto: Geart Tigchelaar

Mei in soad niget hawwe wy yn de Rûnte sitten en geniete en harke nei alle dichters en de omjouwing. It wie in moaie ôfsluter fan in daalders kreative dei en it optreden liet goed sjen wat de dichters mei-inoar fersette kinne bywannear’t hja de frijheid hawwe om op it eilân te strunen, ynspiraasje op te dwaan en mei-inoar de ferbining te sykjen.