Augustus 2019

Hiroshima, 6 augustus 1945

Earste moannegedicht augustus fan Sytse Jansma Hjoed, 6 augustus, is der yn Hiroshima de betinking fan de atoombomramp yn 1945. De uraniumbom ‘Little boy’ waard op 9500 meter hichte boppe de stêd los litten. Under de oanfal hie de stêd sa’n 255.000 ynwenners. Doe’t de ‘a-bomb’ om 8.15 oere eksplodearre, kamen frijwol drekst 78.000 minsken …

Twa skeppingsgedichten

Sytse Jansma syn twadde moannegedicht fan augustus. De Amazoane stiet al skoften yn ´e brân. Hoe kin it dat der no pas omtinken oan jûn wurdt yn ´e media? Ik wie rekke troch de reaksje fan Juarez Saw, in man fan de Munduruku-stam yn de Amazoane. Hy freesde foar syn libben. Sjoch nei it filmke …

July 2019

Famke ûnderweis nei it weeffabryk / Meisje op weg naar de weeffabriek

Earste moannegedicht fan Job Degenaar. Sa no en dan docht Unicef tiding oer bernearbeid, dat yn ‘e measte lannen ferbean is. Oer de hiele wrâld besjoen wurdt de situaasje stadichoan wol wat better, mar noch altyd wurdt fan 11 procent fan alle bern, sa’n 260 miljoen yn totaal, it rjocht ûntnommen nei skoalle te gean. …

Wytman yn Dakar / Witman in Dakar

Twadde moannegedicht fan Job Degenaar: Hoe fielt dat no, as swarte man of frou yn in hast folslein wite mienskip? It is in situaasje dy’t no stadichoan út Nederlân ferdwynt. Ik ha yn myn libben as NT2- dosint in protte nijynkommelingen begelaat en ik fernuvere my soms oer har. Afrikanen dy’t yn it hjitst fan …

It boreale slangeparadys / Het boreale slangenparadijs

Tredde moannegedicht fan Job Degenaar Lûk it âldfrinzige wurd ‘boreaal’ út de ferjitdoaze en fansels krigest alderhande begripen en ideeën yn ‘e holle: Baudet, Wilders en noch mear rjochts populisme yn Europa. Yn dizze tiden stekt dat ferskynsel de kop wer op en it is krekt as binne wy te ferheard, te sleau om de …

Opmjitte foar in skulpdier / Opmaat voor een schelpdier

moannegedicht 4  – Job Degenaar Yn ‘e bocht by Surch, deun by de Ofslútdyk is in strantsje dêrt’st net swimme kinst, it is der fierstente ûndjip en it leit der fol mei waaddrek. Mar it is der prachtich en fielst dy fuort ferbûn mei alles wat dêr yn stilte plakhat: it wetter, de ielguozzen, de …

Juny 2019

Transfytse

Yva Hokwerda is dichter fan de moanne Juny by RIXT. Dit is har earste moannegedicht.   Transfytse { yn it lân fan Loaiïngea, dêr'tst simpelwei de Oerdyk nimst en komst op de Ivige Leane } 1 Dy’t my fytsen sjocht - achtsjend om Snits de greiden en lege mieden tuskentroch, oeral it lânskip lêzend en …

Maaie 2019

Wizer de hope foarby

Simon Oosting is ús dichter fan de moanne maaie. Hy ferbliuwt dizze wiken yn ’e skriuwersarke op de Feanhoop. ‘De fûgelwacht-ôfdieling Nij Beets/De Feanhoop hie it jierferslach 2018 yn de bus dien. Ik lies dat de sifers oer it tal greidefûgels alderferskuorrendst min binne. En myn eigen ûnderfining haw ik yn it taheakke fers beskreaun.’ …

Sûgen en oksen

Op ferkiezingsdei it twadde moannegedicht fan Simon Oosting, yn maaie Dichter fan de Moanne by RIXT. Sûgen en oksen Hy wit fan it patroan dizze lieder fan it folk as er seit wat beskaving ús hjit net te sizzen mei allúzjes dy’t rustke doarren nei djippe spelonken iepenje. Dan wit er dat syn folk deemoedich …

April 2019

Semana Santa

Hjoed op Goedfreed it earste moannegedicht fan Gerrit de Vries, ús dichter fan de moanne april. ‘Semana Santa’ rekket oan guon aktuele saken dy’t yn dizze Goede Wike, de wike foar Peaske, plakfûnen. Semana Santa yn Southampton is it krekt 120 jier lyn dat Mary Anne Rogers har libben joech foar oare passazjiers fan fearboat …

Oer kanarjes

Hjoed it twadde moannegedicht fan ús dichter fan april Gerrit de Vries.     Oer kanarjes eartiids yn de koalemyn hong in koaike yn de galerij siet efter traaljes in kanarje koalmonokside tekoart oan soerstof myngas wie in gefaar de mynwurkers wisten as it fluitsjen ophold dat der wat net doogde beppe hie twa kanarjes …

Maart 2019

Bestean en net

Troch it gedicht ‘Rigels‘ fan dichter Jacobus Smink (okkerdeis ferskynd op Ensafh) skeat Edwin de Groot, by RIXT moannedichter fan maart, in gedicht fan himsels yn it sin. In fariaasje op de problematyk fan Jacobus. Der binne rigels, mar tagelyk binne se der net. Sa as Ettore Majorana, de geniale natuerkundige al yn de foarige …


Wat mear tuike oan, net ôfstappe

Hjoed it tredde moannegedicht fan Edwin de Groot, ús moannedichter fan maart. Syn yntroduksje ta it gedicht: ‘In minske hat twa earen, twa eagen, twa nieren en ien lever, mar dy lêste hat noch wat regeneraasjefermogen. Fan de motor, it hert, hat de stjerling mar ien en wat stikken is, is stikken. Dan is it …

Febrewaris 2019

It heitejier

6 febrewaris 2019 It is hjoed presys twa jier lyn dat ús heit ferstoar. Oer it gegeven, it ferstjerren fan ’e heit, dêr’t elk in kear foar komt te stean, of men moat sels al earder gean, skreau ik in syklus fan tolve fersen: It heitejier I o/m XII. Dy syklus is opnommen yn myn …

Fantastic plastic

Janneke Spoelstra har twadde moannegedicht giet oer plestik. In ûnderwerp dat hieltyd aktueler wurdt. Justerjûn 13-02-2019 by Iepen Up Live stie de hiele jûn yn it teken fan Plastic Fantastic. Janneke slute de happening ôf mei har gedicht ‘Fantastic Plastic’. Geart Tigchelaar wie derby en filme it. Fantastic Plastic De krêft fan plestik learde ik …