Wytman yn Dakar / Witman in Dakar

Twadde moannegedicht fan Job Degenaar:

Hoe fielt dat no, as swarte man of frou yn in hast folslein wite mienskip? It is in situaasje dy’t no stadichoan út Nederlân ferdwynt. Ik ha yn myn libben as NT2- dosint in protte nijynkommelingen begelaat en ik fernuvere my soms oer har.
Afrikanen dy’t yn it hjitst fan ‘e simmer waarme winterjassen oanhiene en bygelyks net snapten wêrom’t Hollanners beammen yn ‘e tún hiene: “Thats a paradise for snakes!” Krektoarsom ha ik dat ûngemaklike gefoel sels ek ûnderfûn. By in poëzij-optreden yn Súd-Korea besocht ik my foar de groepsfoto sa lyts mooglik te meitsjen en dochs stuts ik der mei myn ‘hiel gewoane’ lingte fan 1.82 m. in pear koppen boppe-út. Yn Senegal makke ik soks op in oare wize mei.

Foto: Job Degenaar
Wytman yn Dakar

De fisken binne rôfsuchtich
de fûgels bûnt fan kleur
en bleek en toar is it gersfjild
dêr't leguanen oer spatte
Ik pas min yn dit ferbân

It meridiane ljocht is tsjuster
ik haatsje de sloppewiken
sa gau't minske-eagen my heine
bin ik inkeld noch bankbiljetten
Ik pas min yn dit ferbân

Oerdei krigest chikungunya
zika, dengue en as bonus giele koarts
nachts wurdt malaria der ynkroade:
fertocht is elke boade yn dit lân
Ik pas min yn dit ferbân
Witman in Dakar

De vissen zijn roofzuchtig
de vogels bontgekleurd
en bleek en dor is het gazon
waarover leguanen schieten
Ik pas slecht in dit verband

Het meridiane licht is duister
ik haat de sloppenwijken
zodra mensenogen me vangen
ben ik enkel bankbiljetten
Ik pas slecht in dit verband

Overdag krijg je chikungunya
zika, dengue en als bonus gele koorts
malaria wordt aangeleverd in de nacht:
verdacht is elke bode in dit land
Ik pas slecht in dit verband

Frysk Dichterskollektyf RIXT krijt Provinsjale startsubsydzje

Frysk Dichterskollektyf RIXT krijt Provinsjale startsubsydzje

De Provinsje Fryslân hat dizze wike besletten om it Frysk Dichterskollektyf RIXT in subsydzje fan €18.000 te ferlienen. It dichterkollektyf hie by de Provinsje in startsubsydzje foar twa jier oanfrege. Yn septimber komme de dichters fan RIXT byinoar om in bestjoer fan de stifting RIXT te beneamen en de wichtichste aktiviteiten en aksjes foar de kommende twa jier fêst te stellen.

Yn it projektplan fan RIXT dêr’t subsydzje foar jûn is, wurde in oantal doelstellings en projekten foar de kommende jierren neamd.

– De webside fan RIXT is meartalich (Frysk en Ingelsk) en sil de kommende tiid multimedialer makke wurde, mei audio- en fideopnames fan gedichten op de webside

– RIXT wol, leafst yn gearwurking mei de kulturele organisaasjes en literêre tydskriften yn Fryslân, de Fryske poëzy ûnder de oandacht bringe fan ynternasjonale poadia en dichtersnetwurken.

–  RIXT wol, leafst yn gearwurking mei oare partijen, ûndersykje oft der in ynternasjonaal literatuerfestival yn Fryslân opset wurde kin; bygelyks in Poetry International foar de lytse talen.

– RIXT wol in oantal nije poëzyprojekten yn gong sette, mei as doel om de Fryske poëzy tichter by it publyk te bringen. Ien fan de foarbylden dy’t yn de subsydzjeoanfraach neamd wurdt, is de ‘Tafel fan RIXT’: in mobile opteartafel dy’t in dichter mei op ‘e fyts nimme kin, of ûnder de earm, en earne delsette kin om te skriuwen en/of yn ynteraksje mei it foarbykommende publyk poëzy te presintearjen.

De Provinsjale subsydzje dy’t oan RIXT ferliend is, is in startsubsydzje. It bestjoer fan RIXT sil de kommende tiid ferskate fûnsen oanskriuwe om oare finânsjele middels foar spesifike poëzyprojekten en literêre eveneminten te krijen.

 

Famke ûnderweis nei it weeffabryk / Meisje op weg naar de weeffabriek

Earste moannegedicht fan Job Degenaar.

Sa no en dan docht Unicef tiding oer bernearbeid, dat yn ‘e measte lannen ferbean is. Oer de hiele wrâld besjoen wurdt de situaasje stadichoan wol wat better, mar noch altyd wurdt fan 11 procent fan alle bern, sa’n 260 miljoen yn totaal, it rjocht ûntnommen nei skoalle te gean. Dit bart ûnder mear yn it suden fan India en Bangladesh. Bern wurkje dêr lange dagen foar mar in pear skytsinten. Yn faak ferskuorrend minne omstannichheden foarsjogge se sa, benammen wat de produksje fan moadeklean en tekstyl oanbelanget, yn it ferlet fan de konsuminten yn Europa, Feriene Steaten, ensfh.

Foto: Bangladesh Labour Foundation (BLF)
Famke ûnderweis nei it weeffabryk

Guon bern binne noait bern
dêr skine wy yn te berêsten

al iuwen wurde se brûkt
misbrûkt as bisten

De wrâld hâldt net op
as yn de iere moarn

in lyts famke rint nei it fabryk
om it web fan har earmoedich libben

dêr't gjin ûntkommen oan is
kleurryk yn te weven

wylst wy oan de sinnige kant fan de ierde
ferbline de rêch takeare

nei skaadplakken
as dy fan har

 

Meisje op weg naar de weeffabriek

Sommige kinderen zijn nooit kind
daarin schijnen we te berusten

al eeuwen worden ze gebruikt
misbruikt als dieren

De wereld houdt niet op
als in de vroege morgen

een klein meisje loopt naar de fabriek
om het web van haar armzalig leven

waaruit ze niet ontsnappen kan
kleurrijk in te weven

terwijl wij aan de zonzij van de aarde
verblind de rug toekeren

naar schaduwplekken
als die van haar

 

oester

Kommende sneintemiddei wurdt de debútbondel Unlân fan Gerrit de Vries presintearre. De bondel ferskynt by útjouwerij Hispel. Hjirûnder in foarpublikaasje fan it fers ‘Oester’. Mear ynfo oer de presintaasje, fine jo hjir: https://rixt.frl/2019/06/15/3272/

oester

úteinlik is der mar ien fraach
ast mei dysels wol libje kinst

as in oester
neaken op in skaaltsje
lis ik hjir foar dy
meist my
de pearels wol
út de bealch snije
mar asjeblyft
gjin sitroen
gjin sâlt

dûkelmantsjes yn Firenze

In gedicht fan Jan Kooistra oer de waarmte en ferkuolling yn in Grand Hotel Europa.

dûkelmantsjes yn Firenze

de dei giet
de dage te boppe
de stêd mei syn ivige pracht
suchtet as alear
yn ‘e waarme fallei
de Porta Romana stiet wagewiid iepen
tûzenen kringe har troch
neare donkere strjitten
op nei ljochtere pleinen

it liif moat ferkuolling
mar de geast ûntkomt
rint lâns de iiskâlde see
sjocht parmantich rinnende
dûkelmantsjes
fielt har hân
sliept mei har op ien kessen

de jûn falt
in doarmjende man
op wei nei de delling
messkerp syn bylden
fan de sipressen
allinnich de kontoeren

© Jan Kooistra

Gniisgas

Minsken rinne brânwûnen oan hannen en fuotten op by it brûken fan gniisgas út gassilinders fier ûnder it friespunt. In foarstel fan dichter Tsjisse Hettema: gjin gniisgas út in flesse, mar út de literatuer.

Gniisgas

Yn gjin jierren haw ik sa ferskriklik lake
as om de deiboeken fan Hans Warren
fingerjend foarsichtich stean ik mysels
yn âlde geskriften fan leargongen in idel wêzen ta
hoe’t er beskriuwt dat der gjin grutter ûnbenul op administratyf gebiet is
as hy
syn perikels mei de belêstingtsjinst

de ezelman reizget as in fakir op 'e rêch
in taai daai syn melodyen drage fier
in rûte fan simpel praten
de reisbeskriuwings fan Bob den Uyl
dy’t tajaan moat dat er leaver net op reis gie
al it ûngemak ûnderweis
en de dingen dy’tst leaver net sjochst

it moat toch in foarm fan werkenning wêze

© Tsjisse Hettema

Transfytse

Yva Hokwerda is dichter fan de moanne Juny by RIXT. Dit is har earste moannegedicht.

 

Foto: Google Maps
Transfytse

{ yn it lân fan Loaiïngea, 
dêr'tst simpelwei de Oerdyk nimst
en komst op de Ivige Leane } 1

Dy’t my fytsen sjocht

- achtsjend om Snits de greiden
en lege mieden tuskentroch,
oeral
it lânskip lêzend en “rotkat!” razend
tsjin ’e stikeme slûpmeunsters
dêr’t kattefroulju
sa graach oer meie, jûns oerhinne aaie
wylst dy kringen fan poekys dernei
nachts te pikefretten meie -

moat witte: dêr gûl ik net om.

Dy ’t my dêr fytsen heart
moat witte: ik bin it net.

Op dy fyts
is myn stjoer in lûdleaze mûs, myn seal
de stoel foar myn buro yn in kantoar
fan gjin ferskil mear te meitsjen, omdat
nimmen sjonge doart,
it laitsjen smoart,
it pypfol praten dimmener is en
wurden mûskefeal-

Op dy fyts
heart myn oerstjoer gjin fûgels mear,
as earen sûzje troch stiltes
fan beton yn súntsjes folgetten
kannen en kruken, te swier
fan de mei-oan-naaide earen
om de besletten ynhâld noch te fetsjen.

Dy ’t har fytsen sjocht

achter myn sinnebril
- moarnsier by ’t skimerjen al opset
tsjin de miggen, fansels -

in kromme achte út,
in âlde five fol nije huzen bydel
- prachtich frijsteand
yn ’e rigele en mei de boat
yn ’t útgroeven wetter foar de doar -

moat witte: dêr bin ik net.

Dit is wol myn seal,
mar ik moat noch thúskomme
- yn in inkele krûderike berm kinst
net noflik lizzen gean, loai yn ’t gea -

en ik ha se noch net fine kind,
de wiere rintmasters, de tûke froulju
de werklik wittenden
hoe’t it komme moat.

Dy’t my fytsen heart
mei witte, ik bin it net

omdat ik gûl
om it boartsjen fan de hazzen yn it lân

en jachtsjend yn myn sykjen bin
nei de Griene Dyk

Yva Hokwerda
Twadde Pinksterdei 2019


1 Refrein út it fers Loaiïngeaster Leafde op fers2