Frysk Dichterskollektyf RIXT krijt Provinsjale startsubsydzje

Frysk Dichterskollektyf RIXT krijt Provinsjale startsubsydzje

De Provinsje Fryslân hat dizze wike besletten om it Frysk Dichterskollektyf RIXT in subsydzje fan €18.000 te ferlienen. It dichterkollektyf hie by de Provinsje in startsubsydzje foar twa jier oanfrege. Yn septimber komme de dichters fan RIXT byinoar om in bestjoer fan de stifting RIXT te beneamen en de wichtichste aktiviteiten en aksjes foar de kommende twa jier fêst te stellen.

Yn it projektplan fan RIXT dêr’t subsydzje foar jûn is, wurde in oantal doelstellings en projekten foar de kommende jierren neamd.

– De webside fan RIXT is meartalich (Frysk en Ingelsk) en sil de kommende tiid multimedialer makke wurde, mei audio- en fideopnames fan gedichten op de webside

– RIXT wol, leafst yn gearwurking mei de kulturele organisaasjes en literêre tydskriften yn Fryslân, de Fryske poëzy ûnder de oandacht bringe fan ynternasjonale poadia en dichtersnetwurken.

–  RIXT wol, leafst yn gearwurking mei oare partijen, ûndersykje oft der in ynternasjonaal literatuerfestival yn Fryslân opset wurde kin; bygelyks in Poetry International foar de lytse talen.

– RIXT wol in oantal nije poëzyprojekten yn gong sette, mei as doel om de Fryske poëzy tichter by it publyk te bringen. Ien fan de foarbylden dy’t yn de subsydzjeoanfraach neamd wurdt, is de ‘Tafel fan RIXT’: in mobile opteartafel dy’t in dichter mei op ‘e fyts nimme kin, of ûnder de earm, en earne delsette kin om te skriuwen en/of yn ynteraksje mei it foarbykommende publyk poëzy te presintearjen.

De Provinsjale subsydzje dy’t oan RIXT ferliend is, is in startsubsydzje. It bestjoer fan RIXT sil de kommende tiid ferskate fûnsen oanskriuwe om oare finânsjele middels foar spesifike poëzyprojekten en literêre eveneminten te krijen.

 

Ien reaksje op “Frysk Dichterskollektyf RIXT krijt Provinsjale startsubsydzje”

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.