Dûbelpresintaasje nije bondels Gerrit de Vries en Syds Wiersma

Sneintemiddei 30 juny presintearje de RIXT-dichters Gerrit de Vries en Syds Wiersma har nije dichtbondels. De presintaasje fynt plak yn ytkafee De Basuin, yn de Hollannerwyk yn Ljouwert.

Dizze dûbelpresintaasje is ekstra bysûnder omdat Unlân Gerrit de Vries syn debútbondel is. Lân sunder ljurk is de fjirde dichtbondel fan Syds Wiersma. De beide bondels wurde útjûn troch útjouwerij Hispel.

Njonken de oanbieding sille ferskate dichters koart optrede: Yva Hokwerda (RIXT-dichter fan de moanne juny), Piter Boersma, Elmar Kuiper, Conny Veenings en Cornelis van der Wal.

Der is ek in Iepen Poadium. Elk dy’t wat dwaan wol, krijt de flier foar ien of twa gedichten/foardrachten.

De presintaasje fan de middei is yn hannen fan útjouwer Piter Boersma.
De middei duorret fan 15:00 oant ca. 17:30.
Tagong is fergees.

Ytkafee De Basuin leit krekt achter it stasjon yn Ljouwert.
Parkeargelegenheid is der by ’t soad yn ‘e buert.

Foar mear ynfo: info@hispel.nl

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *