Kommende sneintemiddei wurdt de debútbondel Unlân fan Gerrit de Vries presintearre. De bondel ferskynt by útjouwerij Hispel. Hjirûnder in foarpublikaasje fan it fers ‘Oester’. Mear ynfo oer de presintaasje, fine jo hjir: https://rixt.frl/2019/06/15/
oester úteinlik is der mar ien fraach ast mei dysels wol libje kinst as in oester neaken op in skaaltsje lis ik hjir foar dy meist my de pearels wol út de bealch snije mar asjeblyft gjin sitroen gjin sâlt
Jins pûrlike sels oerhâlde, sûnder wat taheakke is, en dan fierder… MOAI