Anne Feddema is dichter fan ‘e moanne septimber, dan hat er ek syn jierdei. Hy fûn it moannedichterskip foar RIXT in moai kadootsje foar himsels.
Cambuur thús
Dizze jûn freed
Stiet de wyn
Diskant op
Yn it stadion
Giet it need
Earne op ’e tribune
Moat in pausarius sitte
Grutte tromme
Slach nei slach
Stimroeiers foarút
It giet deroan wei
Cambuur thús
Klupsjaal Cambuurklotske
Lûde stimme ritme
Koart en strak
In grouwe jonge fêst
Read hert
Read hart
Cambuur thús
Beiertsbomtromme
Taskôgers roei
Ut Woanskip
Foarby de stjerren
Kampioenskip blierket
Cambuur yn it bloed
Doch jimm’ bêst
Alles komt goed
Nei de rêst.
Sytse Jansma syn twadde moannegedicht fan augustus.
De Amazoane stiet al skoften yn ´e brân. Hoe kin it dat der no pas omtinken oan jûn wurdt yn ´e media? Ik wie rekke troch de reaksje fan Juarez Saw, in man fan de Munduruku-stam yn de Amazoane. Hy freesde foar syn libben. Sjoch nei it filmke by dit nijsberjocht. Hoe moatst it útlizze dat it opbaarnen fan de Amazone earne goed foar is? Wêrom soenen de Brazilianen (lykas Nero?) harren eigen lân opbaarne? De wrâld liket ynienen wekker te wurden tusken allegear nije feiten. En de sûndebok wie ek drekst fûn: Bolsenaro. Alle kranten sieten der boppe op en tweets fan ferneamde fuotballers en modellen waarden dield. Bolsenaro hie ek al in sûndebok fûn: de NGO’s. Binne dat de ienige skuldigen? Hoe komt it dat de minsk it safier gean lit? Dêrom twa nije skeppingsgedichten: A en B. Om it mar begripe te kinnen hoe’t de minsk docht sa’t er docht.
Foto: NOS
TWA SKEPPINGSGEDICHTEN A
Yn it begjin wie der neat as it ûneinige.
It ûneinige rekke swier en skoep sa it einige.
Beppe wie ien mei it ûneinige en it einige.
Beppe makke ierde en neamde har Mem.
Yn it begjin wie Mem lykwols wyld en tsjuster.
En der wie noch nimmen.
Doe makke Mem fjoer en it waard ljocht.
Alle jûnen gong it fjoer efter de kym.
En alle moarnsskoften kaam er wer werom.
Mem wie grutsk op fjoer en neamde him Sinne.
Doe makke Mem beammen sadat der azem wêze koe.
No koe der mar omraak sykhelle wurde.
Ut ´e tûken en de blêden fan ´e beammen makke Mem Minsk.
Mem wie sljocht op Minsk.
Alle dagen liet Mem azem troch Minsk’s longen streame.
Alle dagen liet Mem Sinne de hûd striele fan Minsk.
Mem hold sa bot fan Minsk dat er alles wol foar Minsk dwaan woe.
O Minsk, sei Mem.
Ik hâld fan dy krekt sa ast bist.
Kinst my dyn triennen jaan.
Ik sil myn rivieren der mei folje.
Jou my dyn lilkens.
Ik sil it út myn djipste omheech donderje litte.
As lava oer myn rêch rôlje litte.
Ast wurch bist, meist dy deljaan op myn sêfte gerslannen.
Dyn winsken en dreamen sil ik foar dy ynkleurje mei reinbôgen fan leafde.
Minsk wie bliid en betanke Mem alle dagen.
Mem wie bliid en betanke Beppe alle dagen.
En ek al koe Minsk Beppe allinnich fan ferhalen,
dochs betanke er har alle dagen.
B
Alles wie al in skoftsje geande, de Selva
hime as in hjitte simmer, de dea,
de hurde leafde fan in god, litte wy him Nero neame.
Nero wie grutsk op ´e selva, mar dreamde
oer takomstige glêzen stêden.
Hy foarseach in drege skepping, mar toch.
Tusken it flamjende kreëarjen troch, song er lieten
as hie er Troje ferslein, en doe tadaaa: It Gouden Hûs.
It Gouden Hûs rekke swier fan fertinkingen.
As Miggen op in bonkjende ier,
kamen de moarnsblêden út alle hoeken fan ´e wrâld.
Trije wiken wie der neat oer it Gouden Hûs skreaun,
mar no wie de loft fol tonger en bliksem.
Reekgerdinen waarden iepenlutsen;
it WNF, de INPE en NASA waarden rieplachte,
lykwols skriuwers as Cassius Dio en Tacitus.
Ik skink jim myn soan Bolse-Nero, sei Nero doe gau.
Bolse-Nero betanke syn heit en sei tsjin de minsken:
Lit jim jild streame yn fûnsen en oare subsydzjefoarmen.
Jou jim lilkens oan alle NGO’s, dan meitsje ik der wat moais fan.
Ik jou jim apatyske romten mei Soja, de selva,
in grize wale.
Bolse-Nero wie bliid en betanke de Miggen.
Nero betanke de selva of de Simmer,
wa't ek mar earder wie, eltsenien seach
en swijde ferstive yn in wrâld fan flammen.
Hjoed, 6 augustus, is der yn Hiroshima de betinking fan de atoombomramp yn 1945. De uraniumbom ‘Little boy’ waard op 9500 meter hichte boppe de stêd los litten. Under de oanfal hie de stêd sa’n 255.000 ynwenners. Doe’t de ‘a-bomb’ om 8.15 oere eksplodearre, kamen frijwol drekst 78.000 minsken om it libben as gefolch fan de ûntstiene druk en de yntinse waarmte dy’t frijkaam. It totaal oantal deaden rûn úteinlik nei de 140.000 ein 1945. Noch hieltyd binne der hibakusha’s (en bern dêr fan ) dy’t lêst hawwe fan de gefolgen fan dizze ramp.
De boargemaster (Kazumi Matsui) fan Hiroshima sei hjoed yn syn speech dat Japan it ferdrach ûndertekenje moat dat nukleêre bommen ferbanne wol. Neffens minister-presidint Shinzo Abe is dat noch net sa maklik. De Treaty on the Prohibition of Nuclear Weapons (TPNW) is yn july 2017 troch 122 lannen ûndertekene, útsein Japan en de USA.
Hiroshima, 6 augustus 1945
dit fers is in oanklacht tsjin nukleêre wapens
no’t ik wit hoe beheind piloaten, minsken, lannen
dat dan dochs it lûkje iepengiet, in ‘little boy’
boppe boartsjende skoallebern
in heit op ´e fyts nei wurk, in wachtsjende mem
op ´e treppen fan it sintraal stasjon
dat it samar omset wurde kin
yn inkele sekonden
minsken, pratende mei-inoar,
elkoar fol libben yn ´e eagen sjen,
gewoan sizze wat se op dat momint
even sizze woenen
ta sisterjende hompen fleis
in minsk, datst der bist,
en dan samar net mear
en dat alles dêrnei as yn in delirium
delslacht, as swart-helske rein
op it oerstallige; de kopkes op tafel,
it boartersguod yn ´e tún, de klean
yn ´e kast
en datst ûnder de brokstikken
fan wat in hûs west hat,
inkeld ferbrizele bonken fine kinst
wite poeier dat opstoot
by in allersêftst sigentsje
Geart Tigchelaar fytst op ’t heden mei de faam fan Fryslân nei Albanië en wer werom. Hja hawwe in pear dagen by kunde fan de Sloveenske minderheid tichteby Triëst taholden dat op de grins mei Slovenië leit. Dêr waarden hja warskôge om altiten harren paspoarten by har te hawwen, om’t der gauris flechtlingen sjoen waarden. Sterker noch, dy waarden somtiden mei tsientallen oppakt. It emigrant-probleem is yn dat Italiaanske grinsgebiet mei oare wurden folle sichtberder as yn Nederlân.
Foto: Ydwine Scarse
sûnder regel
minder minder minder
is de needrop fan lju
dy’t bedoele
fan al dat hja hawwe
mear mear mear
wolle
wylst binnen feilige muorren
fan azc’s regeltsjes boppe
de minsken wachtsje
sa fier by lange nei net
rinne oer de grins fan Balkan
troch bosk en oer heuvel
efterlittend dat wat te swier
mei minsken dy’t te bang
in glês wetter oanbiede
wurdt al ôfstraft
mei tsientallen oppakt en ôffierd
limes oplutsen tsjin de barbaren
earst al Slovenen en Kroaten
no ek noch út Syrië en fierder fuort
fokke de seden derút mei migraasje
nee dan is yntylt better om de naasje
sûnder wryt of slyt te hâlden
ûnder it hikhakjen fine grinsbewenners
oars net as stilswijende kleanstikken
fan gelokssikers ûnder stekkende sinne
sûnder regel
Dien L. de Boer woont sinds 2005 in het landelijke Exmorra, na vele jaren Amsterdam. De weidsheid van het Friese gras- en waterland is terug te vinden in haar poëziedebuut ‘Niet het moment maar het nagonzen’ (Palmslag 2014).
Klik hjir foar mear ynformaasje oer Dien L. de Boer.
Yn ‘e bocht by Surch, deun by de Ofslútdyk is in strantsje dêrt’st net swimme kinst, it is der fierstente ûndjip en it leit der fol mei waaddrek. Mar it is der prachtich en fielst dy fuort ferbûn mei alles wat dêr yn stilte plakhat: it wetter, de ielguozzen, de kobben en de oare fûgels, de núnders, de rook fan it waad.
Dêr ûntstie it begjin fan dit fers. Yn de einferzje gong it wilens oer djippere wetters dan dy’t dêr wiene. Uteinlik komt it dêr yn sa’n gedicht fan my hast altyd op út, oft ik dat no wol of net.
Opmjitte foar in skulpdier
Alles nimt it seegriis
yn syn melodrama mei
de kobbe oan de floedstripe
giet der ris goed foar sitten
fier, yn stille kolonne
gluorje lêste seilen
in silhûet ferstoot
weachslaggen sizze de wacht oan
Grutte tema’s wielje, gêste
streame yn ûndjippe puollen
Ik slút de skealjes, simbalen
tûmelje mei yn myn nachtuniversum
Wylst it wrot en syst'ret om my hinne
sakje ik it djippe tsjuster yn
en núnderje it liet net stil te krijen
dêr't see fol fan sit
Opmaat voor een schelpdier
Alles neemt het zeegrijs
in z’n melodrama mee
de meeuw aan de vloedlijn
gaat er eens goed voor zitten
ver, in stille colonne
gloeien laatste zeilen
een silhouet verstuift
golfslagen zeggen de wacht aan
Grote thema’s kolken, gisten
stromen in ondiepe poelen
Ik sluit de schalen, cimbalen
tuimel in m’n nachtuniversum mee
Terwijl het om mij woelt en sist
daal ik naar het diepe duister
en neurie het onstilbaar lied
waarvan de zee vervuld is
Lûk it âldfrinzige wurd ‘boreaal’ út de ferjitdoaze en fansels krigest alderhande begripen en ideeën yn ‘e holle: Baudet, Wilders en noch mear rjochts populisme yn Europa. Yn dizze tiden stekt dat ferskynsel de kop wer op en it is krekt as binne wy te ferheard, te sleau om de dêrby hearrende tinkbylden mei krêftige arguminten te wjerlizzen.
It boreale slangeparadys
Nederlân appellân, paradys foar slangen: de gifleaze
fan de selsfoldienens, de giftige fan de leffens
en leagens, de wjirgjende fan de eigenwille
Se broeie ûnder dongbulten, hongerje har in wei
troch fjilden, stêden, ûnder flierren
meitsje har in nêst yn hollen, herten, wurden
Tusken de plinten fan de beskaving
stekke se de duvelske kopkes op
En wy, we slane ús inkeld foar de kop.
Het boreale slangenparadijs
Nederland appelland, paradijs voor slangen: de gifloze
van de zelfgenoegzaamheid, de giftige van de lafheid
en leugen, de wurgende van de willekeur
Ze broeien onder mesthopen, hongeren zich een weg
door velden, steden, onder vloeren
nestelen zich in hoofden, harten, woorden
Tussen de plinten van de beschaving
steken ze hun duivelse kopjes op
En wij, we slaan ons enkel voor de kop