Minsken rinne brânwûnen oan hannen en fuotten op by it brûken fan gniisgas út gassilinders fier ûnder it friespunt. In foarstel fan dichter Tsjisse Hettema: gjin gniisgas út in flesse, mar út de literatuer.
Gniisgas Yn gjin jierren haw ik sa ferskriklik lake as om de deiboeken fan Hans Warren fingerjend foarsichtich stean ik mysels yn âlde geskriften fan leargongen in idel wêzen ta hoe’t er beskriuwt dat der gjin grutter ûnbenul op administratyf gebiet is as hy syn perikels mei de belêstingtsjinst de ezelman reizget as in fakir op 'e rêch in taai daai syn melodyen drage fier in rûte fan simpel praten de reisbeskriuwings fan Bob den Uyl dy’t tajaan moat dat er leaver net op reis gie al it ûngemak ûnderweis en de dingen dy’tst leaver net sjochst it moat toch in foarm fan werkenning wêze © Tsjisse Hettema