In gedicht fan Jan Kooistra oer de waarmte en ferkuolling yn in Grand Hotel Europa.
dûkelmantsjes yn Firenze de dei giet de dage te boppe de stêd mei syn ivige pracht suchtet as alear yn ‘e waarme fallei de Porta Romana stiet wagewiid iepen tûzenen kringe har troch neare donkere strjitten op nei ljochtere pleinen it liif moat ferkuolling mar de geast ûntkomt rint lâns de iiskâlde see sjocht parmantich rinnende dûkelmantsjes fielt har hân sliept mei har op ien kessen de jûn falt in doarmjende man op wei nei de delling messkerp syn bylden fan de sipressen allinnich de kontoeren © Jan Kooistra