op wei nei

Yn april is dichter Geart Tigchelaar op ’e fyts stapt om ôf te reizgjen nei it Soutar Festival of Words yn Perth, Skotlân. William Soutar – dêr’t it festival nei neamd is – wie in dichter, dy’t sawol yn it Ingelsk as yn it Skotsk skreau. Hy wie berne yn 1898 en stoarn yn 1943, fan syn tweintichste ôf wie er bêdlegerich troch de sykte fan Bechterew. Nei oanlieding fan Soutar syn libben en poëzy en de reis fan Tigchelaar hinne en wer Perth hat er in fers skreaun. Syn bûnsmaat, Daibhidh Eyre dêr’t Tigchelaar it optreden op it festival mei dien hat, hat it fers oersetten nei it Skotksk.

op wei nei

it fierst giet men yn selskip
fan jinsels
mei de trouwe bûnsmaten
oantinkens en fantasije
alle dagen de doar út
op 'e lûden troch iepen finster
mei bekende rook
fan alear is de belibbing
op 'e nij fyts ik oan him foarby
op in bêd yn in keamer
krekt om dy reden grutter
dichter
as ik foar wa’t de wrâld
iepen leit
bannen streekje flugger
oer ûnbekende paden
as de pinne omdoch
oer ûnbeskreaun
fel papier

© Geart Tigchelaar

 

 

oan the wey tae

the farrest ye’ll gae in fellaship
o yirsel
wi the true boun mates
hings to hink oan an fantasy
aw the days oot the door
oan the soonds trouch the apen windae
wi weel-kent reek
aa afore tae be lived the day
A cycle by him anew
oan a bed in a chamber
fir richt reason o thoan greater
makar
nor A fir whom the warld
lies apen
tire-baunds straik flochty
ower unkent pads
as the dingit pen
ower unscreivit
fell o paper
Oersetting: Daibhidh Eyre

 

Yn ’e tún fan Jan Ritskes

Martsje de Jong wie freedtejûn, 31 maaie, by de Poëzynacht fan Jan Ritskes yn Twizel. Nei ôfrin skreau se in fers as ympresje. Dêrmei debutearret se as dichter.

Sigrid Kingma
Yn ’e tún fan Jan Ritskes

In tientsje foar prosecco en in stoel
tusken beammen mei fûgels
drage dichters foar
mankelyk ek
as de safolste auto
harren lûd ferseaget
Stilte
wie der dochs al net
keapjûn yn Bûtenpost, ommers
en yn pingo’s
knoarren kikkerts
Ek dichters dizze jûn
In stiltetrein stoppet
foar de draaimûne
yn Aarhus
sykje ljippen hâld
fan my yn mislearre leafdeslieten
en yn dielde enerzjy
yeeaah
yn dielde enerzjy
Lâns in ljochtslang
knoffelje ik my in paad nei
in skaftkeet mei de kaai deryn
piel efter de frouljusdoar
mei myn ritske
gean der noflik by sitten
Lit de natuer syn loop
by it lûd fan in aggregaat
falt myn each
op in stikker op ’e doar
Ferbean te skiten
Thús helje ik de fersen
troch elkoar en
de kaai fan de skaftkeet
beskamme út myn bûse.

© Martsje de Jong

Sûgen en oksen

Op ferkiezingsdei it twadde moannegedicht fan Simon Oosting, yn maaie Dichter fan de Moanne by RIXT.

Sûgen en oksen

Hy wit fan it patroan dizze lieder fan it folk
as er seit wat beskaving ús hjit net te sizzen
mei allúzjes dy’t rustke doarren nei djippe spelonken iepenje.
Dan wit er dat syn folk deemoedich praat fan ja ja ja
en tinkt dat er seit wat se hearre wolle
en dat de oaren ferbjustere en dûm en lilk
wêze sille en oeral en oerenlang petearje.

Dat er dan sizze kin dat er gjin frijheid hat om te sizzen
dat men net harkje en lêze kin
dat it wurden binne sûnder ramt
dat er der net fan witten hat.

Ja ja ja sil men dan wer knikke.

En de oaren as sûgen en oksen
brochten it sied fan it túch oer it lân.
Better bouwe se in sterk gewaaks
dat túch gjin romte jout
en swije se dy lieder yn ‘e lijte.

Wêr wie hy?

Hjoed, wylst Ajax de kop der wer by skuorre moat, in light verse fan Syds Wiersma oer it drama fan ôfrûne wike, dat yn him in earder trauma losmakke.

 

Wêr wie hy?

Cruijff koe net kieze, siet dêrboppe al
oer Ajax-Barça te kedizen, hie der
nachtmerjes fan en rúzje mei de bal,
lykas yn '74 doe't hy, de grutte lieder
de leie kwyt wie und das Spiel ferlier.
En no de Tommies dy't him skonkjebrekke.

Earst Anfield dêr't de koaren wittefier
- you 'll never walk alone - Messi delstekke.
Mar dan de grutste oplawibus thús:
Arena healwei wis hast fan finale
sjocht âljend Lucas Moura liepe lús
in hattrick skoaren, eagen achter sjalen.

De geast fan Cruijff, dy sânde, achtste maaie
wie út 'e flow en koe mar herten feie.

© Syds Wiersma

Wizer de hope foarby

Simon Oosting is ús dichter fan de moanne maaie. Hy ferbliuwt dizze wiken yn ’e skriuwersarke op de Feanhoop. ‘De fûgelwacht-ôfdieling Nij Beets/De Feanhoop hie it jierferslach 2018 yn de bus dien. Ik lies dat de sifers oer it tal greidefûgels alderferskuorrendst min binne. En myn eigen ûnderfining haw ik yn it taheakke fers beskreaun.’

Wizer de hope foarby

It Feanhoperlân leit yn grut ferskaat Greiden net-meand
en meand oeral sompige mieden en rûnom stiltelân
It wetter is skjin de loft berûn mar fol fan fûgels Alle
guozzen seach ik en sels slykwilsters en in inkelde leppelbek
en se sizze dat de see-earn yn ’e Alde Feanen piken hat

Hieltyd fierder hieltyd hurder gie ik op myn fyts om te finen
Mar yn trije lange dagen trije ljippen en it skries-skries-skries
hearde ik allinne fan efter de beammen De ljippen wiene wyld en
sloegen net op de swarte krieën En dy iene skries koe ik net sjen

Ik besleat ta in dei fan rou
Noch ienris tinke dat se oeral wiene
de maitiid werom komme lieten

En dan nim ik it ferlies en sil ik swije
want kleie betsjut hoopje
Swije is witte fan de hope foarby

De Feanhoop, maaie 2019

Stil

In gedicht fan Anne Heegstra oer konsintraasjekamp Ravensbrück, dat se in pear jier lyn besocht. It frouljus- en bernekamp leit boppe Berlyn oan in idyllysk marke, mei oan de oare kant it stedsje Fürstenberg/Havel. Tusken 1939 en 1945 waarden yn Ravensbrück de finzenen, ek út Fryslân, ynset as twangarbeider foar it meitsjen fan SS-unifoarms en foar de Siemens fabriken.

Stil

fan tûken, keal en neaken
dript hert-ritmysk de ellinde
om't hàrren wêzen west hat
wylst sy noch altyd binne

fertrape bernelûden skrieme
yn kriezjende sintels
en it stikeltried dat gûlt
om ferfleine libbens

safolle sielen, sa oerweldigjend
hinget harren lûdleas razen
foargoed yn ferneatige stilte
fan Frauenlager Ravensbrück

© Anne Heegstra

hoe hâld ik fêst wat my ferlit

In nij gedicht fan Willem Abma. Dit seit er der sels oer: “By it âlder wurden, leit it ûnthâld ûnder fjoer. Ik sjoch it om my hinne en ik merk it sels. Reflektearje, lit stean skriuwe as âldere oer it ferskynsel fan ferjitten, der sit wat paradoksaals yn. Ik ha it besocht te dwaan mei in fers.”

hoe hâld ik fêst wat my ferlit

mei ik de pinne noch tille en skriuwe
as ik net by my hâld wat ienris djip yn it ûnthâld
no djipper noch yn ferjitnis bedobbe sit
en taast en rik nei nammen dy’t ik net mear wit.

by it fallen fan ‘e jûn sjoch ik de fûgel op in tûke.
hy teart de wjukken op wurdt suver wei yn ‘t blêdte.
de fûgel sliept en ik doch ek de eagen ticht en slûgje.
ik dream en lis wat my ûntsketten is ûnder syn wjukken
tsjin in hert dat kloppet en druk him súntsjes tsjin my oan.

by it lemieren fljocht er de beam út,
wat ik by him dellei, fljocht mei him mei.
wat my fergetten is, sil my yn fûgelflecht ûnthâlde.

© Willem Abma