Job Degenaar

Foto: Chris van Houts

Fan Job Degenaar ferskynden mear as in dozyn dichtbondels yn it Nederlânsk en ek oersettings yn it Poalsk, Dútsk en Ingelsk. Sels sette er de lietteksten en gedichten fan Paul McCartney oer, de poëzy fan de East-Dútske dichter Reiner Kunze en fan dichters, wêr ek op ‘e wrâld, dy’t yn grutte swierrichheden kamen troch in ferbod op frijheid fan ekspresje en mieningsutering. Hy is foarsitter fan it PEN Emergency Fund, in fûns dat operearret oer de hiele wrâld en oprjochte waard troch A. den Doolaard. Dat fûns wurket nau gear mei de researchers fan PEN International en jout finansjele stipe oan skriuwers dy’t yn need sitte.

As dichter debutearre er mei Bericht voor gelovigen (1976), in bondeltsje dat by fersin op de ôfdieling Teology yn de boekhannels kaam te lizzen. Syn jongste bondel is Hertenblues (2017), dêr’t yn 2018 in twadde printing fan ferskynde. Foar syn wenplak De Lemmer skreau er gedichten en lieten, dêr’t in tal fan yn Wat zag de Lemster Toer? (2018) stiet. Hy publisearre yn in grut tal kranten, literêre tydskriften en blomlêzings, en joech as dosint Nederlansk mear as 35 jier les oan benammen heech- en heger oplate oarstaligen. Fan 2019 ôf fersoarget er poëzylessen yn Swol foar de Skriuwersfakskoalle Grins.

Job Degenaar lardearret syn optredens soms mei Ingelsktalige ballads (sang en gitaar). Foar mear ynformaasje sjoch www.jobdegenaar.nl en https://www.deschrijverscentrale.nl/auteurs/13710

Ynstjoerde gedichten
Thuiskomst
Meisje op weg naar de weeffabriek (10 july 2019)
Witman in Dakar (15 july 2019)
Het boreale slangenparadijs (20 july 2019)
Opmaat voor een schelpdier (25 july 2019)

 

Thuiskomst

Hartgrondig tegen de dood geleefd
tot iets onverwacht je spiegelt
een gedicht bijvoorbeeld, zo

broos dat je nooit dacht
dat het bestond
Dat zich wringt

uit al je poriën, opstaat
van het papier en je
aankijkt als een ree

Dat is nog eens thuiskomen:
zien wie je bent
op dit moment

© Job Degenaar
Uit: Vluchtgegevens (2011)


Thúskomst

Ynmoedich tsjin de dea libbe
oant wat ûnferwachte dy spegelet
in gedicht bygelyks, sa

breklik datst noait tochtst
dat it bestie
Dat him wrot

út al dyn poarjes, oereinkomt
fan it papier en dy
oansjocht as in ree

Dat is nochris thúskomme:
sjen wa’tst bist
op dit stuit

Oersetting: Syds Wiersma