Noardersingel 58

4 maaie 2018
Auke Zeldenrust skreau it boek De Joodse Bruiloft. Annet Huisman makke in fjouwerdielige FryslânDOK oer de flecht fan it breidspear, Mimi Dwinger en Barend Boers. Foar it Fries Film Archief holp Syds Wiersma Annet en Auke by harren projekten. As dichter skreau er koartlyn in fers oer Aron Dwinger, de omke fan Mimi. Aron wenne oan de Noardersingel 58 yn Ljouwert. Mei Mozes Dwinger, Mimi har heit, wie Aron ien fan de tsien Joadske manlju dy’t de SD op 11 april 1942 oppakke liet, omdat der dy nacht meardere buordsjes ‘Voor Joden Verboden’ fuorthelle wienen by de yngong fan it Vosseparkje en it sportterrein oan de Fonteinstrjitte. Opperrabbyn Levisson besiket se noch frij te krijen. Mar se wurde op ‘e trein nei Kamp Amersfoart set. Aron ferstjert dêr op 28 april oan in hertstilstan, neidat kampboal Karl Peter Berg de groep oer de kling jage mei in strafmars. De oaren wurde letter nei de konsintraasjekampen transportearre en dêr fermoarde. Mozes komt op 16 july 1942 om yn Auschwitz. De tsien manlu binne de earste Joadske martlers fan Ljouwert. Jûn betinke wy se, mei alle oaren.

NOARDERSINGEL 58

Der sit in buddha foar it tuorkesrút.
Mids leidakgriis en glêd spegeljende
linebeammen oan ‘e Singel sjochst ‘m
op ‘e blanke rêch, ploaien yn ’t gewaad
rimpelje nei in hast fergetten tiid.

Dit ferhaal hat gjin gesicht, de rêch wit
dat er op ‘e list fan tsien Joaden stie
en oppakt waard nei’t in smoarge jonge
wat buordsjes mei ‘Voor Joden Verboden’
út in Ljouwerter parkje weinaam hie

It gerucht gie dat er fusilleard waard
yn kamp Amersfoart, mar wy witte no
syn hert joech belies, moarns by in strafmars
noch krekt foardat de trein nei Auschwitz gie.
Aron Dwinger hiet er, dit wie syn hûs.

Der sit in buddha foar it tuorkesrút.
Mids leidakgriis en glêd spegeljende
linebeammen oan ‘e Singel sjochst ‘m
op ‘e blanke rêch, as seit er: skriuw ús
foar de tsien fan Ljouwert in nij kaddysj.


©
Syds Wiersma