Plein
plein, stiennen, klinkerts
op ’e knibbels stik foar stik
te plak skikt ta in patroan
fan figueren mei elkoar dûnsjend
yn waar en wyn
plein dêr’t dúst en dwarrels,
blêden en papierkes
mei in twirre bedarje
ûnder de buksushaachjes
by nacht en dei
plein mei tûzen fuotten trêde
mei hûnderten fjilden betrape
fan eltsenien dy’t fljocht
op in paad nei earne oars
moarns en jûns
plein, romte fan stilte
de klank fan klatterjende klompen
draacht hjir langer net mear
it wurd is ferstomme
yn sizzen en swijen
plein, plak fan praat
twa manlju op in bankje
eidzje it fjild fan ’e sibben oer
de nammen wurde neamd
by libben en dea
plein, homeie foar de jongerein
dy’t longerjend nei de wolkens
mei it mobyltsje yn ’e oanslach
it hegerop siket
hjoed en moarn
Dichter en drummer Geart Tigchelaar sil jûn optrede by IepenUp yn Neushoorn yn Ljouwert. Tema fan ‘e jûn is ‘Friese Lente‘, dat omskreaun wurdt as in wike fol Fryske popkultuer as stalekaart fan wat Fryslân te bieden hat. ‘Lul op in drumstel’ is ien fan de twa fersen dy’t er foardrage sil.
Op 4 maart 2020 lies Dichter fan de moanne maart Carla van der Zwaag it fers Iensum foar by IepenUp. It tema wie ‘Iensumens’. Dit is har earste moannegedicht.
Foto: Omrop Fryslân
Iensum
Ik swim rûntsjes
Tusken wjirjend wier en
Stiennen hûske
Ferrinnewearre slacht myn hert
Grien bemoaze út
Yn beslein finsterglês
Skowe minsken troch it byld
Ik krij op tiid myn wiet en drûch
Folgje harren mei ferwielene loaits
Drinzge fan it leauwen;
Alles komt goed
wachtsje ik op de kattepoat
Dêr’t ik myn libben einlings
Oan jaan en bediele kin.
Edwin de Groot wie ôfrûne woansdei de RIXT-dichter dy’t meidie oan de útstjoering fan IepenUp oer de kleau tusken de Rânestêd en de provinsje. Hy skreau syn bydrage ûnder de útstjoering en lies dy foar as útsmiter fan ‘e jûn.
Edwin de Groot, foto Syds Wiersma
Kloof
Ik doen op deze avend over de kloof tussen de Randstad en de provinsje dit stukje mar eefkes in ut Feansters. Stadsfries is in moai kompromie tusken ut Frysk en ut Hollaans.
Bedankt Josse, Josse fan de sifers over sosjale geografie. Ik weet nou wat of ik bin; in geoneutrale middenlander, soa as alle mênsen út Heerenfeen.
Wy kregen daar in de jaren tachtig te maken met in ferbeterfiesie,
ut ouwe spul moest fut, strakke nieuwe gebouwen moesten der kome. Ut ouwe Postkantoar plat, de Watertoren oek en de ouwe steentsjes waarden ferfongen door glad, griis granyt.
Soa strak as de klikobakken achter de stoepraand yn de Biblebelt.
We hewwe der in C&A foor terugkregen toen en in H&M. In Hema hadden we al. Soa leken we moai op Alphen a/d Rijn, Meppel, Culemborg en Almelo; geen kloof te bekennen.
Miskien oek mar goed, want neffens Marijn fan ut FSP is ut oek niet heel intelligent om in kloof siën te willen.
Foto Syds Wiersma
Mar dat wil ik nou just; in kloof, in groate, maanske kloof.
Ik wil helegaar niet lieke op Almelo en oek niet op de Randstad.
Al helemaal niet as de mênsen daar denke dat krekt wy fan de raand fan de wereld falle.
Naar ut Noarden reize skynt altiten langer te wezen as omgekeard.
Marijn hat it oek over de Friese Paradox; wy bungele faak onderan listkes en binne toch frijwat gelukkig. Laat my dan noch in paradoks inbrenge. Ik wil in kloof, wat ik al sy, in groate, maanske kloof, mar dan tegelyk één met bruggen. Dit met Leibnitz in gedachten: Laat de werelden elkaars verworvenheden delen.
En met in anfulling ala Descartes derby: Niet allenich “Ik denk, dus ik ben” mar oek “Jij bent, dus ik ben”. We make mekaar.
Hou fan dysels en hou fan mekaar.
Liefde kan prima in de ferskillen sitte.
Soa as troebadoer Timo (út Meppel) krekt al song: It doesn’t have to be so hard.
Joël Hut lies it folgjende fers foar by de útstjoering fan Iepen Up op 19-02-20.
It tema wie Other.Wordly, de titel fan de nije tentoanstelling yn it Fries Museum oer de see en benammen ek de geheimen en de myten fan it djipseelibben.
trije opdrachten
opdracht 1
de dichter, wat sei er?
a) in goeie atlas
kent de djipten fan alles
b) in kweade atlas
kent de djipten fan alle
seeën
m?
it twadde
ginien hie it witen
jo ik?
opdracht 2
de see wurdt
tot op e bodem
útsocht
wat swemt dêr net?
in hengel-, in fangtosk-,
in djipsee-inkt- of
in lantearnfis?
m?
it swemt der allegêr
wisten jo dat?
ginien ik net
opdracht 3
nei de hemeldrager
hite de weareldkaarten
want sommige djipten
mutst noch steeds
in titaan för he
welke soart
is noch net ûntdekt?
m?
Understeand gedicht fan Syds Wiersma lies de dichter op 19-02-20 by IepenUp Live foar. Wiersma hat it fers foar in part ek ûnder de útstjoering skreaun . It tema wie Other.Wordly, de titel fan de nije tentoanstelling yn it Fries Museum oer de see en benammen ek de geheimen en de myten fan it djipseelibben.
Osedax is in soarte fan boarstelwjirm dy’t op ‘e boaiems fan ‘e djipseeën de bonkerakken fan sonken walfisken fermôget.