Plein

Nij fers fan Yttje Cnossen.

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

Plein

plein, stiennen, klinkerts 
op ’e knibbels stik foar stik 
te plak skikt ta in patroan 
fan figueren mei elkoar dûnsjend
yn waar en wyn

plein dêr’t dúst en dwarrels, 
blêden en papierkes
mei in twirre bedarje
ûnder de buksushaachjes 
by nacht en dei

plein mei tûzen fuotten trêde
mei hûnderten fjilden betrape 
fan eltsenien dy’t fljocht
op in paad nei earne oars
moarns en jûns

plein, romte fan stilte
de klank fan klatterjende klompen 
draacht hjir langer net mear
it wurd is ferstomme
yn sizzen en swijen

plein, plak fan praat
twa manlju op in bankje
eidzje it fjild fan ’e sibben oer
de nammen wurde neamd
by libben en dea

plein, homeie foar de jongerein
dy’t longerjend nei de wolkens 
mei it mobyltsje yn ’e oanslach 
it hegerop siket 
hjoed en moarn

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *