Ofrûne wike kaam Syds Wiersma by syn buertkroech op ‘e hoeke en dêr ûntstie ûndersteand gedicht. Yntusken binne alle kroegen ticht.

Firusnijs De baas fan it buertkafee Sit foar it earst dit jier Bûten yn it sintsje Te krantlêzen Der wurdt driuwend oanret Us sosjaal te ûnthâlden Us behâld is asosjaal Foar it kafee oer Fluitsje de foegers fan it gevelbedriuw Op in deuntsje út in piraat I need more of you De ûnderskonken fan de kroechbaas Wibelje mei op ’e maat Gjin fluit te dwaan Gjin spaan oer it skûm Gjin pubkwis jûn It ferrin hâldt even yn en teart In keunstige karantêne om him hinne Op it krytboerd syn deihap fan hjoed: Lever mei spek en húsmakke Mascarponetaart En wa’t komme doart Frij drinke uteraard © Syds Wiersma