It nijste gedicht fan Tsead Bruinja yn syn funksje as Dichter des Vaderlands.
grêftegurdlegedicht mei djoer iten nei it inoar net omearmjen en it besprekken fan it inoar net omearmjen nei de vitello tonato de saltimbocca en it fjouwertal glêzen wite wyn dy't it petear mei de 87-jierrige freondinne oer it wol of net trochgean mei publisearjen ast op leeftyd bist en faaks net mear beskikst oer de skerpste pinne oerrinne lit yn it ferlykjen fan ferealens it ferskil yn temperamint nei de ekstra limoncello dy’t nei de limoncello fan it hûs noch besteld wurde moast oan ’e ein fan it petear datst yn earste ynstânsje ôfblaze woest om dyn drûge kiel sjochst de freondinne oan dy’t betelle hat foar dyn iten krûpst har even oan in tinne tút op ’t wang en begjinst dy daliks te ferûntskuldigjen se wiuwt it wei en seit yn in sydstrjitte fan de jordaan dêr’t fytsen krekt wat te deun opinoar stean ik tink dat ik wit watst bedoelst yn de heallege tram nei hûs giet it troch dy hinne it hat my raar te pakken dit geprakkesear mar noch net stevich genôch © Tsead Bruinja Oersetting: Syds Wiersma
It orizjineel kinne jo hjir fine.