Sneon 7 july 2018: Dichters fan RIXT drage foar by de Pauperfontein yn Warkum
Boarne: Workumer Krant Friso
Evita Bakker sil sneon û.o. it folgjende, spesjaal foar de Pauperfontein skreaune fers foardrage:
Brutsen
Stadich skimerjend simmerljocht dwaalt as in wetterfal.
It kletterjende wetter brekt de stilte
– Brekt hurder as it wekker wurd -.
Iepenje mieningen de eagen, wurdt it lûd,
noch yn ‘e fontein opburgen, in stim.
In spuitsjende pimel, sûnder wurgens
klaut fier foarby de brekbere himel,
net langer bang in wolk tekardzjen.
De skamte foarby.
© Evita Bakker
De Moanne: Kariljonpoëzij mei flearmûzen en pizzakoeriers
Spesjaal foar dizze jûn skreaunen fiif Fryske komponisten en fiif dichters fan it kollektyf RIXT nij wurk foar dizze útfiering. Inisjatyfnimmer Feike van der Zee makke sa yn gearwurking mei Henk Nijp in komposysje. Nijp skreau in fers yn fjouwer kûpletten en op alle kûpletten reagearret it kariljon. De dichters drage foar troch in iepen finster fan it stedhûs, it finster tusken de bylden dy’t Pace en Justitia foarstelle. De kariljonklanken komme net folle fierder as hûndert meter om it tuorke boppe it stedhûs hinne. It falt dan op hoefolle lûden der bûten binne: brommerkes knetterje foarby, in lint lûdroftich kâltsjende toeristen draait de hoeke om en fûgels binne blykber allegear nei de stêd tein om hjir de jûntiid te befluitsjen.
Lês fierder by Arjan Hut op de Moanne
Pieter de Groot yn LC: ‘Rixt’ fertsjinnet in behâlden feart
RIXT by Noardewyn
RIXT wie op freedtemiddei 1 juny 2018 te gast by Noardewyn Live fan Omrop Fryslân. Hjir in kompilaasje fan de mominten dat presintator Willem de Vries de fiif oanwêzige dichters befrege oer RIXT en harren foardrage liet. Yva Hokwerda, Jetze de Vries, Syds Wiersma, Geart Tigchelaar en Jan Kleefstra.
Leeuwarder Courant oer RIXT
It Friesch Dagblad oer RIXT