3 jannewaris 2018
De gemeente Ljouwerteradiel is ferline tiid. Mar net foar de dichter. Fan 10 o/m 31 desimber 2017 telde ynwenster Janneke Spoelstra ôf en publisearre alle dagen in kwatryn op Facebook. Yn 21 fjouwerrigels beskriuwt de dichteres wat Ljouwerteradiel foar har is en wie. Lês hjir de hiele rige.
LJOUWERTERADIEL IS
yn in skier ferline in gritenij
oan ’e Burdine, twa trimdielen
as de stêd derútpykt, nei
1944 noch ien, Ljouwerteradiel is
in kwelderrêch mei doarpen
de râne fan ’e Middelsee,
Dokkumer Ie, Bré- en Skrédyk,
Ljouwerteradiel is in idee
Martena en Dekema, it Aldlân,
de Swette yn it Nijlân, Poelhuzen,
Mieden, Hege en Lege Hearewei
Ljouwerteradiel wie in doel
greide en bou, ierappels, fee,
in tsjerke op in ôfgroeven terp,
it brechje fan Bartlehiem, it is
jonkheid, en âlden yn Skilhiem
in foardrachtkriich, in sportdei,
in keatspartij, in juwiel, ien swimbad,
fjouwer iisbanen en de Wide Mar, S.C.
Stiens en DTD, CSL en MNenW, toaniel
in ôfskiedsblêd, Tegearre oer,
moaie plaatsjes en bêste minsken,
de measten sprekke alle dagen Frysk
mar yn it blêd moasten se har ferbrekke
B&W, gemeentehûs en -ried,
in stik as wat dammen en ien slûs
Alde Leie, Hijum, Feinsum, Stiens
Britsum, Koarnjum, Jelsum
in emoasje
gjin sinterske negoasje
in ûntwyk
in earste polder efter de Goadyk
thús
is fan ús
de skoalpaeden
en de tsjerkepaeden
fan Troelstra, Brolsma,
Van der Burgen, Dotinga
en Verveld besongen, de
frisse seelucht yn ús longen
in Kultuer- en in Literatuerrûte,
in Masterpriis, de weinen fan
it Dokkumer Lokaeltsje, de
bôlen fan Nico en Aeltsje
ronsele
of is it ferkwânsele
– lit draaie nôtmûne De Hoop –
Ljouwerteradiel wie in biotoop
kikkerts en flinters, hier troch de pet,
rotten, keallekoppen, skimmelige
koekefretters en skierkerts, knalle
de gemeente út mei in pyromusical
troch de Dokumintaasje Stichting
beneamd, en tiert salang’t it bier
yn sportkantines, kafees en
doarpshuzen streamt
De Bining, Britsenburg, De Kampioen,
Us Gebou, De Skalm, it Gryn,
De Smelle Brêge, it is alles
dêrtuskenyn
dat elk wit fan inoar en
fan jingen en dizzen,
Ljouwerteradiel,
it hie wat te sizzen
Jelsum, Koarnjum, Britsum, Stiens,
út skoalle of wurk wei op hûs oan
stiif yn ’e wyn of de dyk del waaie
nei Hijum, Feinsum, Alde Leie
duorsum plattelân
mar net duorjend
libbensfetber wie it
Middelseeferbân
Tichelwurk, Hekje-
brêge en Balkein,
immen seit: it bestiet
net, it fuottenein
in kies dy’t aanst
net mear jûket
in ferhaal
dat stûket
fan 1 jannewaris 2018 ôf
fan Ljouwert in bûtengebiet,
de graasje dêr’t
Grut Ljouwert by bestiet