Dichterspaad Aldegea iepene

Dichterspaad Aldegea iepene

Freed 6 april waard it Dichterspaad by Aldegea (Sm.) mei in noflike byienkomst op ’e nij ‘iepene’. Dat wol sizze it kuierpaad hat in update krigen mei in achttjintal nije gedichten. Hast alle dichters droegen yn Aldegea harren gedicht foar.

De RIXT-dichters Marije Roorda, (‘It wiete gerslân’ ) en Henk Nijp (‘Mei it muzyk mei’ ) leveren ek in gedicht oan dat troch de kommisje útkeazen waard om in plak te krijen op ien fan de panielen oan de rûte. It paad, dat in ynisjatyf is fan de Feriening foar Doarpsbelang Aldegea, leit oan ’e râne fan it ‘Nasjonaal Park de ‘Alde Feanen’ en is sa’n 25 km lang. Der binne lykwols ek mooglikheden om lytsere rûntsjes te rinnen of te fytsen.

Underweis is der is in moai ferskaat oan gedichten te lêzen, sawol Frysktalich as yn it Nederlânsk. De rûtes kinne delhelle wurde op de website fan it Dichterspaad.

It wiete gerslân

Fyntûkich bringe bjirk en els my
nei it blauferljochte lânwetter
dêr’t in winterloft yn driuwt;
my in rêst foarhâldt en freget
nei it fleanderige fan myn dwaan
dat gjin berêsting ken.
Dan lit de spegeling my sjen
hoe’t yn beferzen grûn it bjintgers
geduldich wachtsje kin op groei
en my ta ynkear bringt.

© Marije Roorda

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.