Tredde dichtbondel Janneke Spoelstra ferskynd

Tredde dichtbondel Janneke Spoelstra ferskynd

Foar in fol doarpshûs yn Hijum presintearre RIXT-dichter Janneke Spoelstra ôfrûne snein har tredde dichtbondel en har earste roman. Beide binne útjûn troch útjouwerij Afûk. Janneke groeide op in gernierspul krekt bûten Hijum op en gie dêr nei skoalle ta. Wij yn ’e draaimûne is de titel fan de dichtbondel. Guon gedichten út de bondel binne earder op RIXT publisearre.

Diel I en IV út de rige It heitejier
Draaimûne
De rige Ljouwerteradiel is

Hjir folget noch in priuwke út de fynbeslipe poëzy fan Janneke Spoelstra. It tsiende part It heitejier, in rige fersen oer har heit dy’t goed twa jier lyn ferstoar.

It heitejier

X

Op ’e tún beprate wy, lykas oars,
it gewaaks. Hoe koe ik tinke dat
syn eagen der net oer giene?
Hy is der altyd by. Ik sjoch him

op ’e fyts oankommen, by de
bushalte stean, troch de buorren
gean. Syn rûne, reade holle dûkt
op yn ’e brâning fan It Amelân.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.