Augustus 2018

Wy binne wolf

De wolf is werom yn Fryslân. Op ferskate plakken yn it suden en easten fan de provinsje binne se sjoen, binne deabiten skiep fûn. Yn maaie is op in geheim plak yn ’e bosken yn Drinte in wolf foar syn hoale mei in ferburgen kamera filme. In nije oanwizing dat de wolf net inkeld troch …

Achter De Hoven

Op freed 31 augustus 2018 hâldt foar it lêst in reguliere stoptrein ho op halte Ljouwert Achter De Hoven. It minst brûkte treinstasjon fan Nederlân wurdt dêrmei út de tsjinstregeling helle. André Looijenga, ús moannedichter fan  augustus, wennet by it stasjontsje om ‘e hoeke. Hoewol ’t er der noait yn- of útstapt is, skreau dit …

July 2018

It fuotbal en de sinne

Ik koe net mar hie der oars wol by west, de fertoaning fan de film Redbad op it Zaailand yn Ljouwert. Like in goeie kombinaasje, de lokaasje en de film. Mar ja, om der no foar nei de bioskoop te gean. Of de flop hielendal ferklearre wurde kin troch it WK Fuotbal en it moaie …

Waarmje myn tean

Ien oanlieding foar it skriuwen fan ‘Waarmje myn tean’ wie it bekend wurden fan it safolste gefal fan in politikus dy’t de fout yngongen is mar sels tinkt dat er neat ferkeards dien hat. De skriuwer sjocht in patroan en siket foar himsels in wei om it treurige fan de ûnoplosberens fan de situaasje net …

Juny 2018

de kwetsberen

Dit earste moannegedicht ‘de kwetsberen’ fan ús junydichter Jetze de Vries is makke as reaksje op it megalomane Wynmolenpark Nij Hiddum-Hou. Njoggen mûnen fan 210 meter heech. Dat is twa kear de hichte fan de Achmeatoer en dat njoggen kear. Bewenners fan it gebiet sille kabouters wurde yn har eigen wrâld. Artikel 1 Alle mensen …

Harns en syn waadsee

94 % fan de wrâldsiedden is útstoarn is en kin net weromkomme. Kinst it libben en de mins werombringe nei de kearn, in siedsje. In siedsje hat goede boaiem nedich om te groeien; wetter, leafde en sinneljocht. In soad siedden lizze yn it skaad, ferskrale dêr. It is oan ús om te soargen foar fruchtbere …

Steuring

Us junydichter Jetze de Vries hat dit fers skreaun fanwege de wize fan kommunisearjen fan de Omrin oer de steuring(en). In meiwurker fan de skipswerf sei fan neat te witten, wylst Omrinpersoniel al bûten stie. In grut part fan de Harnzers en omkriten leaut net mear dat Omrin der alles oan docht om de ûne …

Maaie 2018

Echte helden

8 maaie 2018 Syds Wiersma is ús dichter fan de moanne maaie 2018. Yn syn earste moannegedicht sjocht er werom op 4/5 maaie. Oanlieding foar syn gedicht is it yndrukwekkende ferhaal fan Gerard van der Veer sneon 5 maaie yn de Blokhúspoarte. Dy fertelde oer syn mem, dy’t yn de oarloch koerierster wie. Mar se …

Fucking Brilliant

23 maaie 2018 De Fonteinen sproeie. Fryslân is mei stip binnenkommen op de hitlist fan Lonely Planet.  En, as wie it sa betocht, hjoed is it Legacy Day yn LF2018. Syds Wiersma, ús dichter fan de moanne maaie, jout koart kommintaar.   FUCKING BRILLIANT It dogma is: dy Friezen tinke âld, hoe sil soks kultureel …

Froulju fan Frijlân!

28 maaie 2018 Op 18 april waard Stichting Frijlân iepene. In nij ekologysk ynisjatyf yn de Swettepolder ûnder de reek fan Ljouwert. Fiif froulju bewenje en bewurkje dêr pleats en lân. De gemeente Ljouwert stipet it ynisjatyf. Tegearre mei de dichters Geart Tighelaar, Piter Yedema en Jetze de Vries waard Syds Wiersma frege om foar …

April 2018

Fûgeltsjelân

Under de reek fan Ljouwert en lyk njonken de Dairy Campus wol in groepke froulju wenje en wurkje om sjen te litten dat it oars kin en dat it oars moat yn ‘e wrâld. By de iepening fan Stichting Frijlân hat ús moannedichter fan april, Piter Yedema, ûndersteand fers foardroegen. It soe Piter syn lêste …

Maart 2018

It wurd dat libbet op ’e wyn

Geart Tigchelaar is dichter fan ‘e moanne yn maart. Op dat stuit sit er yn St. Andrews dêr’t er it StAnza Festival meimakket. Dêr hat er him ta dit gedicht ynspirearje litten dat er by de ruïne fan ‘e katedraal opnommen hat. Geart seit sels oer it gedicht: “Der wurde stiennen gebouwen oprjochte en fan …

Seit mem

Hjoed wurdt MeM, it talepaviljoen dat yn ‘e Prinsetún stiet, iepene. Dichter fan ‘e moanne maart, Geart Tigchelaar, fûn dat in moaie gelegenheid om in oade oan syn mem te skriuwen. Wat tagelyk in middelfinger nei Trump is. SEIT MEM prate is altiten better as balte skoppe en slaan want dêr komme bargebiten fan seit …

Febrewaris 2018

Neam se ien foar ien

Aggie van der Meer is ús dichter fan de moanne febrewaris 2018 en docht har beklach oer de kap. As de polonêze it easket, kappet de stêd, de skamte foarby, de beammen. NEAM SE IEN FOAR IEN Mear as hûndert neam se ien foar ien de tilia, de acer en de cornus de wylde pirus …

Winter 2018

Aggie van der Meer har twadde gedicht fan de moanne febrewaris 2018. In wintergedicht. Oer it ivige Fryske longerjen om iis. Kin it dit jier of kin it wer krekt net? WINTER 2018 Slimmer as oerdeis spilet it op yn ‘e nacht as de winter syn dagen telt net wit oft de wraak swiet wêze …