Op freed 31 augustus 2018 hâldt foar it lêst in reguliere stoptrein ho op halte Ljouwert Achter De Hoven. It minst brûkte treinstasjon fan Nederlân wurdt dêrmei út de tsjinstregeling helle. André Looijenga, ús moannedichter fan augustus, wennet by it stasjontsje om ‘e hoeke. Hoewol ’t er der noait yn- of útstapt is, skreau dit lytse earbetoan.
Achter De Hoven
8:07 ri. Leeuwarden
15:52 ri. Groningen
16:52 ri. Groningen
efkes foar it einstasjon
krekt nei it fuortriden
remme de trein ôf yn
krekt net de stêd
twa man derút moarns
middeis ien der wer yn
wer oplûken yn it blau
fan moarn of jûn
leeu-war-den-ach-ter-de-
ho-ven melde de stim
de ynsitters as yn har
ûnfêste sliep
klompetreinen holden hjir
sa’t se se neamden mei
arbeiders út wâlddoarpen
foar fla en moal
op it kizelstienbeton
beäntwurden de klompen
oan kollega’s, kunde in
bôletromgroet
hearst hjir faaks skimerblau
de tegels noch skrassen
as it nevelmoarns stil wurdt
nei ’t lânsriden
it perron bliuwt wol wachtsjen
en oan de kant nei hûs
stiet in abri noch salang’t
er him skûlhâldt