Waarmje myn tean

Ien oanlieding foar it skriuwen fan ‘Waarmje myn tean’ wie it bekend wurden fan it safolste gefal fan in politikus dy’t de fout yngongen is mar sels tinkt dat er neat ferkeards dien hat. De skriuwer sjocht in patroan en siket foar himsels in wei om it treurige fan de ûnoplosberens fan de situaasje net om slaan te litten yn synisme.

waarmje myn tean

waarmje myn teannen do waaiende wyn
de rjochter hat ferlet hy raast
en boldert oer it fjild it meast hat er ferlet
fan rêst yn syn kâld berekkenjend hert –
waarmje him as earst fersin dy net –
hy is de grutste tean en raast it meast mar is it hiele lichem net

helje waarmte út de sinne en de stjerrende grûn
en út de healwize man fan tweintich miljoen
hy stiet as in toer mei de kop krekt boppe wetter –
wy swimme oer de boaiem fan it bêd –
syn maten sitte der ek ta de nekke ta yn mar sjogge it
nei eigen sizzen better

draai se om as leinen se op
de barbecue en waai do waarme wyn

(ien tenoar)
waarmwaaiende wyn
nim waarmte fan my
lit my myn teannen waarmje
oan dy

(trije tenoaren, fiifkwarts)
o waaiende wyn
do waaiende wyn

ja waarmje myn opsteande teannen
en kom der dêrnei troch myn noastergatten yn
lit my dy fiele my myn krêft nedich hawwe
myn spieren spanne moatte yn ferset tsjin de goaden –
harren tongerjen muzyk harren ljochtsjen bleek trochskinend wyt –
ik ha myn eagen
ticht en ik ha dy

© Marc Kooij 2018

 

One Reply to “Waarmje myn tean”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *