It fuotbal en de sinne

Ik koe net mar hie der oars wol by west, de fertoaning fan de film Redbad op it Zaailand yn Ljouwert. Like in goeie kombinaasje, de lokaasje en de film. Mar ja, om der no foar nei de bioskoop te gean.

Of de flop hielendal ferklearre wurde kin troch it WK Fuotbal en it moaie waar sa’t de makkers beweare is fansels mar de fraach.

It fuotbal en de sinne

it leit oan it fuotbal en de sinne
twa konkurrinten dêr’t jo
yn ’t foar neat oer sizze kinne

it leit net oan it ferhaal

der sit gjin wurd spaansk by
om fan it frysk mar te swijen

it leit net oan de styl

premjêre op it plein
it byld stiet op it netflues
wy ha de wrâld
en tsien jier oan tiid

© Marc Kooij

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *