Fûgeltsjelân

Under de reek fan Ljouwert en lyk njonken de Dairy Campus wol in groepke froulju wenje en wurkje om sjen te litten dat it oars kin en dat it oars moat yn ‘e wrâld. By de iepening fan Stichting Frijlân hat ús moannedichter fan april, Piter Yedema, ûndersteand fers foardroegen.

It soe Piter syn lêste fers wêze. Middeis op ‘e fyts werom nei syn wenplak Mantgum waard er troffen troch in hertstilstân. Freed 20 april is er ferstoarn yn it MCL yn Ljouwert. Piter waard 76 jier. Wy sille him slim misse.

FUGELTSJELAN

Wreedste moanne is April
Oer de wjuk giet in âldhij
fier klinkt syn twiit tin en skril

Oantins en ferlangen komme frij
út deade grûn in winter lang
De earmoed langer skylk foarby

Doe klonk folút har fûgelsang
Nij libben krijt it ryk allinne
en lokkich libje se noch lang

© Piter Yedema
† 20 april 2018

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *