Froulju fan Frijlân!

28 maaie 2018
Op 18 april waard Stichting Frijlân iepene. In nij ekologysk ynisjatyf yn de Swettepolder ûnder de reek fan Ljouwert. Fiif froulju bewenje en bewurkje dêr pleats en lân. De gemeente Ljouwert stipet it ynisjatyf. Tegearre mei de dichters Geart Tighelaar, Piter Yedema en Jetze de Vries waard Syds Wiersma frege om foar de iepening in gelegenheidsgedicht te skriuwen. Hy bewurke syn gedicht dêrnei ta syn tredde gedicht fan de moanne maaie.

FROULJU FAN FRIJLAN


Charon fytst my it Van Harinxma oer
it deaderyk fan high tech dairy yn:
ús drûchmealde dream fan fûgeltsjelân.
In krigele plantaazje is jim doel
mei waarme hannen omkear bewriuwe
oer de ylhurde knibbels fan de polder.
In Finske kotta, wat yurts, in wenwein,
sa begjint treast, sa set fêst foarnimmen
útein om slein lân geast yn te blazen.

Froulju! Dit is in iensume igge
oan in útmolken see, ljocht krepearret
fan toarst boppe de hurdgriene koarsten.
Lange, linige massaazjefingers
freget jim ûndernimmen, nuodliker
as dit bonkerak mei syn fêstklapte
kaken leit Fryslân der nearne hinne.
Nachtsusters yn in sanatoarium, sprekkers
op jirpelkistjes sille jim wêze.
Fryslân genêze wurdt in spul fan lang
en wiis en hellich ingelengeduld.

Mar hark! Der sit altyd wol earne dize
yn 'e grûn, in fertelling fan wadi
dy't jûns, as jim rêstend op chaises longues
de sinne mei syn toarstige amers
troch ferdôve notiid sakjen sjogge,
syn taal fan buorkjen út 'e djipten sjongt.
Dan glimket dit lân wer as in kuststreek.
En as de grouwe mûzebiter de nacht
yntsjantelt as in skaad dat net loskomt
fan syn rôverseach, dan komme jim oan
by de leechte roppich om ús te bereizgjen.
Jou jim dan oer, want dit is de polder
dy't gol is mar faak slim ûnwennich gûlt
as in gipsy oan 't keatling fan in honk.

© Syds Wiersma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *